- út beide kategoryen omtrint likefolle! - dy't op it mêd fan switten fier boppe de midsmjitte útstieken. Geregeld rôp er sokken deis by him yn it kantoar foar in sabeare opdracht, in boadskip, in meidieling. Sa omslachtich as mar mooglik wie gong er dan te wurk, keas er de wurden mei soarch, ferbettere er him oanienwei, werhelle er wat er sein hie, of begûn er fan nijs ôf oan. Tiidfergriemen like it sa op it each, en guon personielsleden skeaten der suver fan yn 'e negative stress om't it doel fan Menear syn saaklike meidielings har straal foarby gie. Mar ja, it wie Menear séls dy't har fan it wurk hold! Petearjend en gestikulearjend snúfde Wilhelminus John Lieding ûnderwilens, en roek er swit dan joech er him efteroer, stie syn retoryk lange pauzes ta, en ynhalearre djip. It koe foarkomme dat er wyls tagelyk lippen, tonge en mûle priuwkjend en smakkend har gerak joech, hoewol't soks oppassen bleau, foar in bûtensteander seach it der net smaaklik út.
Spitich wie it dat syn priveesiktaresse net botte switterich útfallen wie. Heech moast Wilhelminus John Lieding it dikteartempo opjeie en wyls lange en drege teksten, sinskonstruksjes en formulearrings betinke eardat se it waarm krige. En dan nóch wie it oan switten fuort net ta, har deodorant hold har datoangeande neutraal en kreas op distânsje. Hy soe har it brûken dêrfan ferbiede wolle, as net dy iene fraach him tsjinhold: soe soks ek ûnder it item fan 'e net winske yntimiteiten beflapt wurde kinne? Sels as baas moasten jo tsjintwurdich hoeden mei de regels omgean.
De stopljochten stiene op read. It wie nearne goed foar, fan ferkear wie amper sprake, de strjitten liken útstoarn. Inkeld de Jaguar fan Wilhelminus John Lieding stie derfoar te wachtsjen mei dêrnjonken in man op in prachtich giele MTB fyts.
En ynienen, wylst Wilhelminus John Lieding de fyts bewûndere, tsjinne him it gefoel oan dat in clairvoyante him destiids yn it foarútsjoch steld hie: ienris soe de dei komme dat er syn oergewicht folslein kwyt reitsje soe, swittend en wol. In definysje fan dat gefoel koe de clairvoyante net jaan, mar as it kaam soe it net mis te ferstean wêze. As it him oantsjinne moast Menear hannelje en fral net neitinke!
Sadwaande ried Wilhelminus John Lieding fuort op in giele MTB fyts doe't de ljochten op grien sprongen en liet er de eigner fan dy fyts stean mei de kaikes fan in Jaguar XJ8 4.0 Sovereign yn 'e hân.
Maklik gong it net dy earste hûnderten meters, benammen net om't it neitinken him wer oantsjinne. Hie hy, Wilhelminus John Lieding, de GSM net meinimme moatten om de saak te warskôgjen dat er wat letter kaam, of faaks dat er hielendal net komme soe hjoed? Noch in gelok dat syn nijste oanwinst him sá ta hanneljen oanpoende dat er oan neitinken fierder net takaam.
De earste kilometers tsjinnen om út te finen wat fytsen eins ynhâldt, mar doe hie Wilhelminus John Lieding it der aardich foar en wist er: dít wie wiswier it gefoel dat de clairvoyante him tasein hie yn ruil foar de twahûndertfyftich gûne dy't