Unoantaastber bewûnderje? (11)
Teake Oppewal
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je bêst doen.
Kees Fens
Kees Fens is net de earste de bêste, ik mei wol sizze dat ik him bewûnderje om syn brede kennis en skerp ynsjoch. ‘Ien bewûnderje’ haw ik gjin probleem mei. It is it bewitten (of it fielen?) dat immer oars op in bepaald punt superieur is oan jinsels. Men soe sels ek sa wêze wolle. Oars, dat hoecht selsakseptaasje net yn it paad te stean. In persoan dy't men bewûnderet kin jin ynspirearje, of it gefoel oproppe: dêr wol ik wat fan leare.
Mar ‘ûnoantaastber bewûnderje’, dat wurdt problematysker. Fens sil dochs net doele op kritykleazens, op slaafskens, op ôfgoadetsjinst? Miskien bedoelt er wol dat men earne rotsfêst yn leauwe moat, een vaste grond waarin mijn anker eeuwig hecht, yn jinsels, of yn God, of dat men in besieljend ideaal hawwe moat, of in Ina Damman. As ik de útlis yn dy rjochting sykje kin ik him wol in ein hinne folgje. ‘Nederig’ is fansels in wurd dat folslein heaks stiet op de hjoeddeiske tiidgeast, en oan ‘je best doen’ sit ek wat in moassich rookje. Mar ek hjir kin men lichtwol de útlis fan it sitaat yn de jamkste fâlde slaan.
As ik Fens syn bewearing as folget útlizze mei, op myn eigen wize, kin ik my der wol yn lykfine: ‘Men moat yn dit libben ûnoantaastber leauwe yn jinsels, dan hoecht men jinsels net te oerrazen en it jout jin altyd wer enerzjy.’