Lit my begjinne mei de bondel dy't kwa titel, foarmjouwing en kleur (grien!) it tichtst by de boereroman komt: Boerefersen fan Bartle Laverman, kompleet mei ko en heafoarke op it omkaft. De fersen binne skreaun tusken 1994 en 1969 en men soe in hele ûntjouwing fan in dichter ferwachtsje yn sa'n tiid. Sa net by Bartle Laverman.
Syn fersen út syn begjinjierren as dichter binne it meast ynteressant. Yn dy fersen kom ik as lêzer fersen tsjin dy't de namme poëzij fertsjinje. In fers lykas ‘it mantsje bonkel’ sit fol mei prachtige bylden dy't tinken dogge oan in mearke: ‘hy sjocht de sinne kommen / hy heart hoe't de hofhûnen / tsjin syn moanne balte / syn skaad / falt oer it sân / rint fierder / swimt yn poelen / as de snie falt / rôlet er him op yn syn hoal / en sliept’ (s. 38).
It lânskip is hjir yn elts wurd oanwêzich, mar op in folslein eigen manier. Oer de tiid sels skriuwt er in side earder: ‘wa wit wat dêr bart / godleaze tiid tsjintwurdich / gau tsjuster / de nachten binne lang / hime de turfman / syn brún gebit bleat’. It binne moaie bylden dêr't in hele wrâld achter sit.
Mar dy eigen manier fan dichtsjen ferdwynt yn 'e rin fan 'e tiid. Siket Laverman yn it begjin noch en brûkt er aparte bylden, letter beheint er him ta it beskriuwen fan 'e foarspelbere eleminten at it om gefoelens en lânskip giet. Yn it fers ‘Sa Frysk’ hat er oer syn dûbele gefoelens foar Fryslân oer: ‘wat romantyk / ast op sa'n skildereftich dykje / ynstee fan in hûn / in jonge mei in blauwe tonge tsjinkomst’ (s. 15). Dat is noch in moai byld dat wat fiele lit wat fan 'e dichter, mar it is in útsûndering. Faker kom ik dingen tsjin as ‘einlings lit fryslân syn gesicht wer sjen / sa keal en rjocht en sûnder frjemdfolk no’ (s. 19). Dat binne dingen dy't wier binne, mar dy't sa gjin poëzij binne. De stêd komt by Laverman wol oan bar, mar dêr fielt er him in folslein frjemde. Laverman bliuwt sitten yn stereotipe bylden dy't net folle romte litte foar allerhanne nuânses en tsjinstellingen.
Mei de bondel Wâldmans hikke fan Frâns Holwerda komme wy op it earste gesicht wer yn 'e greiden telâne. Op it omkaft stiet nammentlik in peal fan in hikke. Mar de bondel fan Holwerda giet oer mear saken.
Yn trije skiften komme hiel ferskillende fersen foarby mei ek in hiel ferskillende toan. Yn it earste skift ‘Dû en ik’ giet oer it leafde. Der sitte moaie rigels tusken lykas yn it titelfers: ‘Myn skommelstoel falt efteroer / de himel lûkt er mei / en dakken / dakken read en dronkenskip / en soere wyn’ (s.13). Mar te faak fersile de rigels yn it beskriuwen fan it gefoel ynstee fan dat leafde suggerearre wurdt. Oan 'e ein fan itselde fers stiet: ‘Hannen / Leavjend / Dû’. Dat is spitich, want it hat neat fan de tsjoen fan de earste rigels.
Yn it twadde skift ‘En oaren’ hat Holwerda him ynspirearje litten troch oare dichters as Rogi Wieg en Adriaan Morriën. Fan dyselde Rogi Wieg hat er ‘Leafdesfers’ moai oersetten mei prachtige rigels oer dichter en lânskip: ‘Mar fierder, der is brea / sa as altyd en wurdboeken, âld / alfabet fan wûnders, dy hea / berch fan lettertekens’ (s. 23).
Syn eigen fersen lykwols misse dy kwaliteit. Se