Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 192] [p. 192] Tjitte Piehenga Iere maitiid yn de Prinsetún In skiere moarn en net it fynst bewegen, sa stammerjend, in healjier yn 't foarút, de kastanje swijt, mei knoppen brouwenfol. It wetterke ûnrônfelich, de tinne dize wifket. Fan 'e platanen dript gjin lûd, de skeinde bast heint skulfers ljocht, houterich, en de grien bemuozze bankjes swiersettich oan it paad, de tiid is noch net ryp. Hjir toeven foarsten, milen histoarje yn. Foech dichters yn it gers. In staad'ge moarn en net it smelst beweegen, grif de maitiid efter, dy't spoaren draacht, nitelich en ûnmeiliedsum, elts jier wer en op 'e nij: noch neieroan. Sa'n ienlik bêd tusken de wite pjukjes mei krookjes fyn en skatterjende einen. It koper dat hjir klonk, helderop, de tinte brek en amper 't wetter roerend. Muoike Marijke, geef yn 't satyn mei gouden haaksels, mar bitterder nei santjinhûnderalve, of net? [pagina 193] [p. 193] In stille moarn en net it minst bewegen, soe Greunshiem, de baron, hjir noflik trêde ha tusken iere katsjes, sûnder ien grevel spyt? Mar dizze dei, sûnder in skiere skiednis, lykwols sa skier, dat nearne maitiid komt. Gjin libben en gjin dea, âlde bollesetter, it is omdôch, sa giet men de maitiid yn, fergetten lykas Muoike. In hiel earm amen, stadichoan yn inkeldfâld, in aap yn 'e winter en in âlde dichter. J.H. Brouwer Kastanjes In stille moarn en net it minst bewegen, En net in stim dy troch de dize giet; Allinne dript, út beammen lâns de wegen, Yn 't giele leaf it treasteleaze liet. It libben, yn al inger rûnte sletten, Ebbet en gliidt de rêst yn, deade-stil. Oft ek it bange bûnzjen fan ús herten Yn 't selde ritme sliepend stjerre sil? De dize dript - dan, op 'e stille strjitte, Knappe kastanjes en de frucht springt bleat. Mocht sa ús siele út lichems hoalling sjitte En glânzgjend iepenboarste yn 'e dead. (út: Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden. Samengesteld door Teake Oppewal & Pier Boorsma. Amsterdam, 1994; p. 158) Vorige Volgende