it fochtige gers. Mei sprongen hip ik nei de auto en jou my del efter it stjoer. Skrik wekker. Wol fuort. Earne hinne. Ik sykje minsken. Wylst ik my ôffreegje wêr't ik keare sil, start ik de auto. Yn de earste fersnelling riid ik de greide út, draai by de terp op. Dêr drintelje ik oer it tsjerkhofke en lês de grêfskriften. Ik besjoch de sarkofagen dy't by it tsjerkemuseum hearre. Taast oan de grutte, swiere ring dy't yn 'e tsjerkedoar hinget. It is hjir in deade boel. Gjin mins te sjen op dy hiele terp. Ik stap wer yn 'e auto en riid oer de Flieterpen. Kjel fan de benzinemeter, nim ik de koartste wei nei de karavan. Om de ferfeling de baas te bliuwen rôlje ik de sliepsek út en jou my del op 'e bank. It libben is no fan mysels. Ik kin dwaan en litte wat ik wol. ‘Mem hat dêr in moai útsicht oer it fjild,’ seine se. Mar se seine safolle. Se woene my it libben útskilderje as soene se it sels al sa belibbe ha.
De snotnoazen.
Even letter hear ik immen om 'e karavan. Ik spat oerein en sjoch troch de doar. Der stiet in famke yn it gers mei in boskje pinksterblommen yn it fûstje teknypt. Se laket nei my en komt tichterby.
‘Sjoch,’ seit se en jout my de blommen oer.
‘Hoe hytsto?’ freegje ik.
‘Femke,’ seit se.
‘Soa, Femke,’ herhelje ik de namme.
‘Wennesto hjir?’
Se wiist nei boppen.
‘Op 'e terp.’
‘Wolst der net even ynkomme?’ freegje ik.
Se klimt by it opstapke op.
‘Earst wie de karavan fan ús,’ seit se.
‘Soa, wie de karavan fan jim.’
‘Wy mochten der fan ús mem yn boartsje. Ik en myn suske.’
Ik sykje in faaske út 'e bringst yn it oanrjocht, set de blommen deryn en sjoch hoe't it famke har deljout op 'e bank. Har jurkje is wiet fan it lange gers.
‘Hoechsto net nei skoalle?’
‘Wy hawwe fakânsje.’
‘Soa, hawwe jim fakânsje.’
‘Us juffer is siik. Us juffer hat wat yn 'e búk.’
‘Hat se pine yn 'e búk?’
It famke skodhollet. ‘In poppe.’
‘Wennest hjir al lang?’
Se knikt.
‘Al salang't ús heit fuortgien is.’
‘Is jim heit fuortgien?’
‘Ja. En doe is ús mem ek fuortgien en kaam ik hjir op 'e terp, mei ús mem en myn suske.’
‘Prachtige blommen hasto socht,’ sis ik, wylst ik it faaske op 'e tafel set.
‘Bisto allinne?’ freget se, en sjocht my helder oan.
Ik knik.
‘Us mem is ek allinne. Us mem seit dat dat foar alles folle better is. Ik hie it folle earder dwaan moatten seit ús mem. Soms seit se: Soks dochst altyd te let.’ Se skommele mei har koarte poatsjes en lake nei my. ‘Us heit hat altyd in rotsin, fynt ús mem. Mar hiel soms moat ik nei ús heit útfanhus en mei ik de hiele dei kompjûterje.’
‘En fynst it moai by jim heit?’
Se skodhollet.
‘It duorret noait langer as in dei,’ seit se, en lit