wurdt oan de motivaasje fan Sjoerd de Vries. Mar gelokkich binne der mear en belangrikere boeken oer him ferskynd. Sa seit er sels yn de publikaasje Sjoerd de Vries (1996) oer syn opdrachten:
As ik portretten skildere, gie it my fansels net om de anatomy fan dyjinge, dy't ik ûnder hannen hie. Ik naam opdrachten oan fan minsken om mij hinne, om't ik jild brek wie om te drinken. En ienkear oan 'e gong fergeat ik alles. Ik snijde dy man of frou yn karton yn lagen, fanwegen syn of har beurs. Ik wie wol biologearre, mar brûkte myn ûnderwerp om in byld fan mysels te jaan.
Sjoerd de Vries is fan syn hoed oant en mei de neilen fan syn teannen in ekspresjonist en wol in hiel bysûnderen ien. Syn foarmen binne net heftich, wyld of kleurryk, mar krekt stil en statysk. Hy nimt wei as in byldhouwer, stikje by bytsje oant er foar him sels de kearn sjocht en net fierder doart of kin en it besef trochkringt dat elke folgjende hanneling de folsleine destruksje fan it byld ynhâlde soe.
Syn krêft is dat je as taskôger dy ûndraachlike eksistinsjele heechspanning fiele. Hieltyd dûnset Sjoerd de Vries wer nei de râne fan de fulkaan en falt - lokkigernôch - krekt net yn de krater.
‘Ik wie wol biologearre, mar brûkte myn ûnderwerp om in byld fan mysels te jaan...’ En dat byld is - ik kin it net oars sizze - slim manyskdepressyf. Syn ‘portretten’ is net folle fan de gewoane wrâld yn werom te finen. De lippen binne meast stiif opinoar, de grutte eagen sliepe of sjogge yn permaninte ekstaze fier oer de hoarizon hinne en der baarnt in nuveraardich ljocht yn dit wurk. It is gjin dei en der is gjin nacht. Sjoerd de Vries hat net allinnich portretten fan boargemasters makke, mar ek en foaral fan Fryske skriuwers: Rink van der Velde, Sjoerd Spanninga, Ype Poortinga, Freark Dam, Sibe van der Meer, Reinder van der Leest, Willem Abma, Jan Wybenga, Sybe Sybesma, Nyckle Haisma, Ypk fan der Fear, Ulbe van Houten, Paulus Akkerman, Trinus Riemersma en Theun de Vries. En ek hjir jildt: elke oerienkomst mei de ‘werklikheid’ berêst op tafallichheden.
Eins binne it gjin portretten mear mar lânskippen fan de siel dy't Sjoerd de Vries skildert. De fraach is: de siel fan wa? Yn guon gefallen ha wegen elkoar krúst, mar hokker?
Foar my binne der op de útstalling yn it Tripgemaal, dêr't alle skriuwersportretten byinoar brocht wiene, twa dy't derút kipe: de ‘portretten’ fan Jan Wybenga en Sybe Sybesma. Beide foldogge oan de kritearia foar De Vries syn bêste wurk. Jan Wybenga ‘dreamt’ as in soarte fan Vergilius - en profil - de ferhevenheid yn, wylst Sybesma (as kollega-drinker út dy dagen) letterlik en figuerlik in fisionêre opstiging belibbet.
Op de tentoanstelling yn Gersleat ferwûnderje ik my deroer dat net ien fan dizze skriuwers ea de Nobelpriis foar de literatuer wûn hat, want geniale helden en selsbewuste yntellektuelen binne it allegear. Theun de Vries, Willem Abma en Reinder van der Leest foarop. Of is hjir konform mr. A.A.M. van der Meulen ‘de afbeelding’ soms ek net neffens de werklikheid? No ja, it is allegear de skuld fan Sjoerd de Vries.