Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 176] [p. 176] Lida Dykstra Biddeltekken harkje hoe't it swannespan de stiifbeferzen loft oan skossen fljocht mei as iennichst doel ienriedich stiigjen ekers sakje wei ta biddeltekken pluzich griis fersketten wyt myn sêfte skûl allyk kom mar bewuolje dy de bûtenkant is kil en noeget net mar binnenyn kinst wurden fiele kinst dy waarmje oan de gloede fan foarnamer poarper as wat keizers droegen [pagina 177] [p. 177] Sabeare leagenje de leafde leafste hâld de slinger stil en slút de ruten leagenje hakje mei dyn swurd troch Gordiaanske tinzen swij fan juster frij en leagenje dat ik ferjit ien amerij gewichtleas sweve heger as de sinnen stjerren supernova's ljochteksploazje leagenje en 'k sil dy leauwe dat ûnthjit ik skynber leauwe ast oprjocht de leafde leagenst leafste [pagina 178] [p. 178] Narcissus Toarstich bûgjend oer de boarne bliuwt my neat oer as te drinken fan dit ingeleftich skepsel yn syn skientme wei te sinken Dizze ljochte geastferskining is myn sielsmaat, tagelyk is 't as sil er plompwei swine as ik oer syn wangen stryk [pagina 179] [p. 179] Echo Sa wie ik nimf troch mannichien bewûndere, grasjeuzer as in flinter, lichter as in laits en seinge mei talint foar tête-à-tête, sa waard ik keard ta stim, ferflokt foar ivichheid ta wurde-wrakseling. Myn hunkerjen keatst tydlings swakker tusken keale bergen, stuiteret oer fjilden read fan geldens foar't it sweltsjetippend delslacht op de stream; Narcissus haw my leaf oant yn de dea oant yn de dea de dea ea ea Vorige Volgende