Poadia foar diskusje
Yn har algemiene ynlieding konstatearret de Fryske tydskriftekomisje ‘dat er over de hele lijn meer levendigheid in de Friese literatuur is dan een aantal jaren geleden, er is meer lust tot polemiseren’. It útwikseljen fan stânpunten fynt neffens de karmasters lykwols plak yn de reguliere media, de tydskriften binne gjin poadia foar diskusje. Dy ferskine net faak genôch om op 'e aktualiteit reageare te kinnen; ‘de werkelijke discussie speelt zich elders af’.
Wêr dan? Yn de regionale media? Dêr haldt it aktuele literêre debat - ôfsjoen fan Pieter de Groot yn dwerse stikken yn de LC - fansels ek net oer. Frysk en Frij (silger neitins) die der yn ferhâlding noch it meast oan. It ferdwinen fan dat medium en it eardere ferstjerren fan De Strikel wienen foar ús mei oanlieding om de swetten fan Trotwaer te ferlizzen yn in mear algemien kulturele rjochting (mei de literatuer as rêchbonke). Ofgeande op de reaksjes èn op it fiks tanimmen fan it tal abonnees (yn ien jier sawat tweintich prosint derbij) wurdt dy ferbreding troch de lêzers op priis steld. Reden genôch dus om troch te setten.
Wat de ferskiningsfrekwinsje oangiet hat de kommisje fansels gelyk. Dy is te leech om aktueel wêze te kinnen. Wij binne dan ek dwaande om takomme jier faker út te kommen: net seis mar tsien kear (at it even kin).
Dat is te min om it gat dat troch it opdoeken fan Frysk en Frij fallen is te slochtsjen. In nij algemien Frysktalich magazine bliuwt in ûnmisber poadium foar (oankommend) sjoernalistyk en literêr talint.
Neffens in troch Deputearre Steaten ynstelde kommisje fan saakkundigen binne der foar sa'n blêd wol mooglikheden, al sjogge se - as alternatyf - ek kânsen foar in Fryske hûs-oan-hûskrante. De kar is oan de polityk. En dy is safier noch net. Deputearre Mulder wol nei dizze ‘ynformaasjefaasje’ earst nochris in stikmannich ‘formateurs’ oan it wurk sette om it paad nei in nij Frysktalich medium te sljochtsjen.
De skriuwende politikus Willem Verf tinkt der oars oer: ‘It is no saak om in dûbelslach te meitsjen. Sjoen de bedraggen dy't de Provinsje yn reserve hat en it al it jild dat wy oan de ekonomy besteegje, moat it hiel goed mooglik wêze om beide te dwaan.’ Mar Verf sit yn 'e opposysje en de koalysjepartijen sitte, lykas bij de F&F-affêre, op ferskillende spoaren.
Dat nije blêd is der dus noch lang net. Reden te mear om Trotwaer noch in ekstra ympuls te jaan.