Tine Bethlehem (1938) is dosinte literêre foarming; in oersjoch fan har fersen sûnt 1955 ferskynde yn Swietroken & koperblazers (1995). |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn augustus ferskynt syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken. |
Lolkje Hoekstra (1968) is redakteur fan Trotwaer. Skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Krige foar twa ferhalen de Rely Jorritsma-priis (1994 en 1995), wûn yn 1993 de earste AFUK-jongereinpriis. Wennet yn Grins en wurket by Albert Heijn as... fleisspulfamke. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en maatskippijlear yn Ljouwert, is redakteur fan Trotwaer en it jierlikse Strikelboek. Makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984 en wurke mei oan de koartlyn ferskynde Geschiedenis van Friesland 1750-1995 /Skiednis fan Fryslân 1750-1995. |
Steven de Jong (1935) wie redakteur fan De Tsjerne (lêste nûmer), Quatrebras en Trotwaer en oant begjin 1997 dosint Nederlânsk oan it Lienward College yn Ljouwert; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992). |
Jelle Kaspersma (1948) is skoalmaster, publisearre in tal dichtbondels (1996: Ta de bonken úttekene) en oersettingen fan Yndiaanske dichters. |
Tjitte Piebenga (1935) siet in fearnsieu by it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert, skreau sa út en troch ris in ferske of in boekje, wie de lêste jierren foaral op kabareten toanielmêd dwaande, skriuwt poëzije-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer, skriuwt koarte ferhalen en literêr-histoaryske skôgings, publisearre (mei Henk van der Veer) In útjouwerij fan QuizeQuânzje, tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij (1995). Koartlyn ferskynde syn ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk en Frysk, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. |
Willem Verf (1949) is direkteur fan it maatskiplik en sosjaal-kultureel wurk yn Ljouwert. Dêrnjonken sit er foar Grienlinks yn Provinsjale Steaten. Hy wennet sunt 1972 yn Ikkerswâld. Publisearre twa romans, twa novellen en in mennich koarte ferhalen. Hy wie yn 1984 de earste dy't de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten wûn. |
Sietse de Vries (1955) is redakteur fan de Leeuwarder Courant. Syn earste roman, De boargemaster, ferskynt yn augustus, De dea fan Nico Dekema folget letter. |
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd. |