KFS skriuwt essaywedstriid út
As ûnderdiel fan syn njoggentichjierrich jubileum yn 1998 skriuwt it Kristlik Frysk Selskip in essaywedstriid út. It tema fan de wedstriid is De Kristlik-Fryske beweging: By de tiid? (psalm 90). It KFS hopet sa de Fryske essayistyk in triuwke yn 'e rêch te jaan. Tagelyk kin it stimulearjend wurkje op it tinken oer ferline en takomst fan it Selskip.
De ynstjoerings moatte skreaun wêze yn it Frysk of in yn Fryslân gongbere streektaal en binne op syn heechst 15.000 wurden lang. Trije saakkundigen fan binnen en bûten it KFS binne ree fûn om se anonym te beoardieljen. De earste priis bestiet út in bedrach fan f 1500, de twadde fan f 1000, en foar de tredde-priiswinder is f 500 beskikber. It leit yn 'e bedoeling om de priiswinnende essays út te jaan. Om dizze reden krijt it KFS by ynstjoering it rjocht om it wurk te publisearjen.
Ynstjoerings moatte foar 1 septimber dit jier binnen wêze by de administraasje fan it KFS (Tulipastrjitte 6 yn Stiens). De priisútrikking fan de essaywedstriid is plend as ûnderdiel fan it jubileumfeest op sneontemiddei 31 oktober. Foar mear ynformaasje: Rommert Tjeerdsma (koördinator essaywedstriid, 058 2667477) of Koen Zondag (algehiel koördinator jubileum, 0511 476882).