Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 169]
| |
Trioel
| |
[pagina 170]
| |
Foardat ik fierder gean, eefkes dit. It kin fansels hiel goed wêze, dat se by de útjouwer tochten: wy kinne der subsydzje foar krije dus jou mar út. Mar lit him asjebleaft net noch mear fan dy midsmjittige skriuwsels ynleverje, want dêr sit net ien op te wachtsjen. Dat se my, om my net op myn teare skriuwerssiel te traapjen, sa diplomatyk mooglik te witten dien ha: gjin manuskripten mear. En dat ik dat subtile gebeart folslein ferkeard ynterpreteard ha. As dat sa is, dan is alles wat ik hjirnei noch sis fan gjin wearde en moat elkenien dy't der kennis fan nimt it mar sa gau mooglik ferjitte. Mar as it oars is, soe de hiele gong fan saken wol ris typearjend wêze kinne foar de literêre produksje yn it Frysk en yn alle lytse talen.
Klaas Jansma sei lêstendeis yn in ynterview, dat it moaie fan literatuer is, dat er der neat mei fertsjinnet. Dat er syn romans allinne skriuwt foar syn eigen befrediging, dat er him gjin tel ôffreget wat er der foar bart. Myn stelling is, dat wat yn dizzen moai is foar de skriuwer, in ramp is foar de literatuer. Keunst is altyd it resultaat fan in wrakseling. In wrakseling fan de keunstner mei himsels, mar ek in wrakseling mei it publyk, mei de maatskippij. Wat grutter de wrakseling, wat mear de keunstner him ynspant om syn dwerse en opsternate optinksels yn in foar it publyk nije, mar nei te kommen foarm te jitten, wat djipper en moaier it resultaat. De grutste keunstners út de histoarje - Bach, Beethoven, Mozart, Rembrandt, Dickens, Dostojevski, de kar is willekeurich - komponearden, skilderen en skreauwen net foar har persoanlike groei, mar om't der brea op 'e planke komme moast. Dat is it grutte ferskil mei Klaas Jansma en alle oare Fryske skriuwers. Yn it Frysk skriuwe docht immen om't de taal him neistiet, om't er syn gefoelens en ideeën it bêst yn dy taal uterje kin, om de befrediging fan it skeppen. Ien dy't tinkt: lekker ferhalen fertelle en der in moai poepke jild oan fertsjinje, machtich, dy skriuwt net yn it Frysk. En dus komme der yn it Frysk navenant folle mear dichtbondels en literêr tige ferantwurde boeken foar in lyts publyk út as yn it Nederlansk of it Ingelsk. Dat proses wurdt nochris fersterke troch de posysje fan de útjouwer. Ek dy opereart bûten de wetten fan 'e kommersje om. Hy jout allinne boeken út as er der subsydzje foar krijt. Bestsellers om ferliezen op minder goed rinnende titels goed te meitsjen kin er skoan sûnder. In skriuwer fan spannende of humoristyske boeken foar in breed publyk, hat er amper mear belang by as by in dichter of in produsint fan eksperiminteel proaza. De subsydzje is itselde.
Is it Frysktalich literêr skriuwen in ôfrinnende saak? Ik tink it net. Begrutlike figueren dy't miene dat se har frustraasje en depresjes yn it Frysk op papier smite moatte bliuwe der altyd. In folle wichtiger fraach dêrom is: is it Frysktalich literêr lêzen in ôfrinnende saak? Want foar kommersjele skriuwerij - en dêr moatte wy op ta - is de fraach folle wichtiger as it oanbod. En dy fraach wurdt foar in grut part bepaald | |
[pagina 171]
| |
troch bûtenliterêre faktoaren. Frysktalige popmuzyk hat mear jongelju foar it Frysk wûn as hokker jeugdboek ek. Skriuwkursussen, provinsjale skriuwdagen, se binne fan grut belang om ús it gefoel te jaan, dat wy der alles oan dogge. Mar wat it net kin is de literatuer ta libben bringe foar in breed publyk. Wat soe it moai wêze, in hype as Connie Palmen yn it Frysk. Mar stel, dat Jetske Bilker en Henk te Biezebeek de lapen gearsmite, dat Henk der nei trije jier dea by delfalt en dat Jetske in boek oer him skriuwt mei de titel: B.H. (Biezebeek Henk). Soe it in hype wurde? De iennichste manier om der 5000 fan te sliten is, bin ik bang, it útjaan litte troch de KFFB. Fryske literatuer hat twa kanten: folkslektuer en literatuer foar de happy few. Wat ûntbrekt is de literêre roman foar in breed publyk. In Leon de Winter, in Joost Zwagerman, skriuwers dy't alle kearen wer delsabele wurde troch de krityk, mar dy't skriuwend ryk wurde en de minsken oan it lêzen hâlde. Dêr soene wy der ien of twa fan ha moatte. En wat soe it moai wêze as sa'n ien ek noch in ferhâlding krige mei de frou fan Loek Hermans of om myn part mei Loek Hermans sels. Yn it iepenbier. Mar no begjin ik te dreamen. En dreame is net kommersjeel. |
|