Man en peard
De útjouwers dy't troch Van der Ploeg fan har gesicht berôve en yn 'e anonimiteit stompt wurde, wurde dêrnei ek nochris as minkukels te kak set: ‘Sa't de sitewaasje der optheden hinneleit freegje ik my wolris ôf oft útjouwers wol affiniteit hawwe mei literatuer?’
Eigenaardich, dat fraachteken, want it is in gewoane bewearende sin. Van der Ploeg beweart dat er him wolris dit en dat ôffreget. It fraachteken wol dúdlik meitsje: de suggestje dy't ik doch, dy doar ik dochs net foar myn rekken te nimmen. In bytsje slop, dus. Van der Ploeg hie skriuwe moatten: Robert Wielinga, Koen Eekma, Jan Jongsma, Goasse Brouwer, dy twa mannen fan Bornmeer, dy fiif persoanen fan 'e KU en dy stikmannich fan 'e KFFB dy hawwe gjin affiniteit ta literatuer. En dat docht bliken út de neikommende feiten. Dûbele punt, bewizen. As men kritisearje wol, moat men man en peard neame. Oars is it gjin kritisearjen, mar rabjen.
‘Se [de útjouwers] sizze net iepentlik: Jim kinne net skriuwe. Of: Wat jimme skriuwe is nâlestoarjen. It is stilistys min, it taalgebrûk is swak.’
Nee, dat sizze de útjouwers fansels net iepentlik, dat soe ek ferrekte ûnfatsoenlik wêze. Mar se sizze it wol tsjin de skriuwers sels, yn in petear of yn in fertroulik brief. Ik wit út 'e earste hân dat by de KU manuskripten ôfwiisd wurde en dat oare skriuwers oanwizingen krije om har manuskript kompositoarysk of stilistysk by te helpen. Ik wit út 'e krante dat soks krekt gelyk sa bart by de KFFB. Dy ynformaasje oer de KFFB hat Van der Ploeg yn alle gefallen tagong ta hân. Wêrom neamt er it net?
‘Hokker útjouwer docht war om skriuwers en dichters te benaderjen foar in hânskrift? Hokker útjouwer sil inisjativen nimme om minsken oan it wurk te setten? Dat dogge Fryske útjouwers net.’
Retoaryske fragen stelle en dêr sels mar gau in antwurd op jaan is wol in aardich retoarysk trúkje, mar soks tsjinnet de wierheid fansels net. Van der Ploeg hie echte fragen stelle moatten, en dy hie er stelle moatten oan 'e útjouwers en dêrnei hie er by de skriuwers tsjekke moatte oft dy antwurden kloppen. Dan hie er bygelyks ûntdekke kinne dat de KU geregeldwei minsken oan 'e mouwe lûkt om in hânskrift. Om no ien foarbyld te neamen: de rige ljochtmoanneboekjes dy't de KU yn 1995 útjûn hat, wie in inisjatyf fan 'e útjouwer en skriuwers binne frege om in tekst yn te stjoeren.
‘Yn de sitewaasje fan no stiet de skriuwer psychologys yn in slim ôfhinklike, wiffe en ûnderdienige posysje. Nimmen kin easken stelle.’
Ofwaaid praat. De skriuwer hinget ôf fan de útjouwer syn oardeel oer it manuskript (of fan it oardeel fan de útjouwer syn lêskommisje). Fansels, mar men kin dochs net alles mar útjaan wat oanbean wurdt en sa't it oanbean wurdt? De