Literêre output
It hie bijtiden wat fan in begraffenis, it Skriuwerswykein fan 28 en 29 maart 1998. En dat kaam net om't it foar de alderlêste kear yn Koartehimmen wie (dat nei de privatisearring te lúks en te djoer wurden is). Nee, it kaam fan de fragen dêr't de sneons in antwurd op socht waard: Is it Frysktalich literêr skriuwen in ôfrinnende saak? De Fryske Skriuwerij oan it fuottenein?
Ynlieder Durk van der Ploeg stie garant foar in swartgallich ferhaal, alheel yn 'e line fan syn priiswinnend essay ‘Fryske literatuer yn swier waar’ en syn bijdragen oan it maartnûmer fan Trotwaer. De emigrearre skriuwster Albertina Soepboer wie ek net al te optimistysk mar joech hope: ‘Brek de taalgrinzen yn dyn eigen kop ôf en nim bijneed de trein nei Grins ta; dat leit moai tusken Ljouwert en Amsterdam yn.’
Hylke Speerstra, dy't syn nijste boek yn it Nederlânsk publisearre hat û.o. om't er ‘beroerd wurden is fan al dat gekreau oer Fryske buordsjes’, fergelike Fryslân mei in ‘boarterstún dêr't je op allerhande gebiet ta ûngekende hichte stige kinne’. Yn it Nederlânsk ferskine neffens him sa'n 3800 boeken it jier mei in gemiddelde oplaach fan 1120 eksimplaren. Dêr ha wij fansels wol oan. En oft der takomst is? ‘Ik wit it net.’
No, dat falt wat ta. At je útgeane fan 20 miljoen Nederlânsktalige lêzers en 400 tûzen Frysktaligen, is de ferhâlding 50:1. Omrekkene soene dat 76 Fryske boeken wêze. En dat kloppet. De Fryske boekeproduksje is sels wat heger.
Neffens de Gids voor de informatiesector waarden der yn 1996 yn Nederlân sa'n 18 tûzen boeken publisearre, 88 persint dêrfan yn it Nederlânsk, de lytse helte fiskje, it fjirde part dêr wer fan krige it skaaimerk ‘literatuur’. Dat soe delkomme op goed 2800 titels, tûzen minder as at Speerstra ha wol. Sa sjoen falt it yn Fryslân mei de kwantiteit dus noch wer wat ta.
Mar hoe sit it mei de kwaliteit? Jout dy reden ta pessimisme?
Willem Kuipers telde yn De Volkskrant oer 1997 yn totaal 227 nije literêre romantitels. Omrekkene soe dat foar Fryslân delkomme op fjouwer à fiif. En dat kin aardich kloppe.
‘Hoe komt dan it ferhaal de wrâld yn dat de Fryske literêre output te leech is?’ frege FLMD's Teake Oppewal him nei oanlieding fan it Skriuwerswykein ôf. ‘Dy is te leech yn abslute sin, mar je moatte it feit ûnder eagen sjen dat der net folle Frysktaligen binne. Sa't Van der Ploeg it oan de ein fan syn essay seit: As ik tsjinstridich bin is dat omdat ik mei feit en ideaal tangele sit of sokssawat. No, dat spilet hjir ek al!’
Taalsosjolooch Durk Gorter wie yn syn bijdrage oan de diskusje positiver as guon skriuwers: ‘Der binne noch nea safolle Fryske teksten makke as hjoed de dei. Der ha ek noch nea safolle Frysk-praters west, want it persintaazje mei dan gelyk bleaun wêze, it tal ynwenners fan de provinsje is tanommen.’
Wat wolle je as skriuwer noch mear? Mear jild