Unoantaastber bewûnderje? (10)
Tine Bethlehem
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt jezelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Earst ‘dat houdt jezelf nederig en dan blijf je je best doen’. Wa/wat hat belang bij myn nederichheid, fanwegen it feit dat ik dan better myn bêst dwaan soe?? Wat in omkoalerij! Myn bêst doch ik foar dêr't ik fan hâld en dy/dat sjit neat op mei myn nederigens; krekt net. 't Is better dat ik wit wat ik goed kin en dat dan ek doch. Oer nederichheid falt mei mij allinnich te praten yn relaasje ta myn leauwe.
No ‘een paar dingen onaantastbaar bewonderen’. ‘een paar’ = in net-definiearre tal. ‘dingen’ = foarwerpen, saken; allike faach, net-definiearre. Ik stel fêst, dat it net om mínsken giet. ‘onaantastbaar bewonderen’: it bewûnderjen is fêstlein, net-dynamysk makke. Bliuwt: net-spesifisearre, net-dynamysk bewûnderje.
Max Kliphuis dosearre - tidens myn oplieding - yn syn ‘leer van de creativiteit’: de beschermende werking van de esthetische situatie. Ik haw der fan oerholden, dat in minske absolût net sûnder regelmjittige prikkels fan estetyske wearde kin. Dêrsûnder giet er dea. Wol net fysyk, dan dochs geastlik. Ik leau dêr yn. Dus bin ik ivich op 'e siik nei it moaie. Dat is noait itselde; it is altyd oars en fernijend. Earstens bin ik nea itselde ynsteld. En ek tiid, sitewaasje, emosjonele yntinsje wikselje. Leafde en Keunst hawwe in konstante gemien: de feroaring & de fernijing. In liet fan Mahler, in rút fan Chagal, in fleach seringe-rook yn april, myn lytse beppesizzer, yn 'e sliep, binne altyd nij: djipgeande leafde-folle erfarings. Soks kin net ta mei ‘ûnoantaastber bewûnderje’. En ík kin dêr dus ek neat mei.