De ferteller hat noch de measte niget oan it waar, sa liket it wol. Dit krijt mear noch as de karakters fan it boek, syn omtinken. Van der Ploeg brûkt it ek om wichtige foarfallen mear effekt te jaan. As Wander de stúdzje oerjout en werom nei hús giet, stoarmet it. ‘Guon paraplu's tearden om, oaren strûpten yn in wrede bui fan 'e bleinen en klapperwjokken as bange fûgels, dy't oan ien poat beethâlden waarden, yn 'e loft.’ Dowen wurde by dat waar ‘de loft yn saaid’, ‘karrehûnen kroepen jankend mei harren bazen ûnder de reauwen ferside’. Ek dit is fansels in âlderwetske metoade: gjin lêzer sil it mear ûntgean kinne, dat der in tige wichtich barren plakfynt: Wander jout de stúdzje der oan! Dit is mar ien foarbyld fan hoe't Van der Ploeg neat oan 'e lêzer oerlitte doar. Alles krijt fan him in ekstra lading mei. As Tsjaard de evangelist dea docht mei ‘it flymjende stiel’ hat de man ‘oseaanwide eagen’. Tsjaard stiet der by en ‘seach it bloed dat him buoljend út 'e strot en de opspalke mûle gjalpe’.
Al yn de ‘ferantwurding’ wurdt ús in dûbele moard tasein. Dat is mar goed ek, oars soe men gjin idee hawwe wêr't Van der Ploeg mei dit ferhaal hinne wol. Nei de dea fan de mem bart der eins neat mear en draait it boek stasjonêr nei dy dûbele moard ta: Wander wurdt fermoarde troch Wâldsjers om in âlde fete, Tsjaard stekt - oerstjoer troch de dea fan syn broer en it útbliuwen fan de apokalyps - de evangelist dea.
It moat sein wurde, Van der Ploeg hie mei de twa broers en harren mem gouden materiaal yn hannen. Foaral dy mem, mei oan 'e iene kant har blinens foar de werklikheid èn har nofterens, is in nijsgjirrige figuer. Ek de jonges, dy't sûnder har stjoer efterbliuwe, hienen nijsgjirrich wurde kinnen, as Van der Ploeg mear niget oan har hân hie.
Hielendal in ôfdijer is, dat Wander fermoarde wurdt troch syn eigen soan (in oerwinneling fansels), dy't fierders buten it ferhaal bleaun is. Soks soe in begjinnende skriuwer net iens mear mei oankomme.
Ek yn Smoarge Grûn, de nije roman fan Rink van der Velde, giet it om in moard. Klaas Vogelzang is fersûpt yn wat eartiids de dwinger fan it doarp wie. Ald-plysjeman Homme Veldstra fertrout it saakje net, en rillegau sitte hy èn de lêzer midden yn in miljeuskandaal. Ek yn dit boek hat it ferline in wichtige rol. Generaasjes lang hawwe De Vogelzangs ret mei de smoargens fan oaren. Earst wienen dat de tonnen fan de gewoane minsken, mar de lêste tiid giet it mear om fergiftich spul fan fabriken. It bedriuw Vogelzang is opgien yn de holding Cleaning en Recycling en dat soarget foar in soad problemen yn 'e famylje.
Homme Veldstra nimt de tiid om it probleem út te sykjen. Hy fytst ris in eintsje, praat mei buorlju en sjocht wat om him hinne. Sa wurdt foar de lêzer oproppen hoe't it der eartiids yn it doarp foarstie en hoe't de Vogelzangs harren ûntjûn hawwe.
Der is suver gjin grutter tsjinstelling tinkber tusken de wize dêr't Van der Velde soks op docht en Van der Ploeg. Dêr't Van der Ploeg redenryk is en in soad ferklearje wol, kin Van der Velde mei folle minder ta. Syn styl is sober, suver keal. Dochs krijt de lêzer in goed sicht op 'e figueren