Koarte kronyk fan it proaza
Foar in waarme simmerjûn
Joop Boomsma, Yn reek ferflein. A.J. Osinga Uitgeverij, Ljouwert 1998. 192 siden, f 26.
Ach, hoe siet it ek alwer mei de goede, âlderwetske, Amerikaanske priveedetektive?
It byld fan in man dûkt op, lange reinjas, sigretten, bourbon, in útlibbe kantoar anneks wenromte met skeanhingjende luksafleks foar smoarge ruten. De opdrachtjouwer komt by nacht en is leafst in helpleas skepsel mei grutte triennen en noch gruttere boarsten. Letter wurdt it kantoar in pear kear oer de kop skuord troch ‘De boeven’ en hysels yn in steechje yninoar huft. In tryst type alkoholist, in man allinnich, dy't de grutte boarsten wol sjocht, mar dochs himsels leaver noch in bourbon ynskinkt, wylst de nuddel yn in âlde jazzplaat hingjen bliuwt.
Syn Fryske, hjoeddeistige tsjinhinger hyt Hylke Overwijk, skriuwt as misdiedsjoernalist foar in krante as De Telegraaf, en wy moetsje him foar it earst at er in housewarming jout. It nij kantoar anneks wenromte wurdt yn gebruk nommen. Oscar Peterson stiet op. De op bêd altyd fjurrige Alys is syn freondin, Hinke de trouwe maat yn it wurk, it âlder pear Van Zinderen fertroulingen, de âlde plysjeman Jarich van der Veen de ynformaasjeboarne en sportive konkurrint. Alles is fleurich en yn frede. Oant de oare deis.
It kin net oars of it moatte wol froulju mei triennen wêze dy't de kommende dagen fan Overwijk folle. Alderearst it stoephoerke Moniek, twad syn eks Anneke. Moniek har freondinne Fatimah, Somalysk asylsykster, is fermoarde en ferdwûn, de nije man fan Anneke is ek al dagen fuort. Wurk foar Overwijk.
Boomsma syn misdiedroman komt in bytsje muoisum op gleed en wurdt op 'e ein wat ôfraffele, mar lêst foar it grutste part as it spoar, sa't it yn it sjenre heart. De dialogen binne flot en bytiden in fermaak. Boomsma is net benaud foar klisjees, mar frjemd genôch hindert dat gjin sprút. It mei, ast mei safolle lef yn de Marlowe-tradysje stean giest. Hylke is gjin hardrockfan en drinkt gjin Spa, hy is fan de jazz en drinkt syn whisky mei trije klûntsjes iis. It is net oars.
Oan de oare kant is de omjouwing, it Ljouwert fan hjoed, mei de kriminaliteit fan no, hiel oars en twingt de fergeliking mei Baantjer him op. Mar wêr't De Cock plysjeman is en him allinnich mei ien saak dwaande hâldt, is Overwijk mei in stikmannich saakjes dwaande. Boomsma breidet fan in stikmannich triedsjes syn truike.
Wat foar my it aardichst oan dizze roman is, is tagelyk wat ûnwierskynlik: it lokale karakter derfan. It is prachtich om mei Overwijk troch Ljouwert te fytsen, nei Cambuur te gean, troch Gaasterlân te riden, yn Goutum te frijen. Mar it liket my domwei sa ûnlogysk om ast foar De Telegraaf oer misdied skriuwst yn Ljouwert te wenjen. Dêr wol my neat fan oan, it bliuwt in wat keunstmjittige set om dy Overwijk syn aventoer belibje