Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 147] [p. 147] Baukje Wytsma De fergettenen Opnij krûpt de razernij him tusken de tosken, it swarte bist achter syn eagen spat deadlik fjoer. It folk rûkt de stielen azem fan de hearsker, frezet it skelle laitsjen fan syn hoer. Nei't bluodrich machtsfertoan it lege neat. Yn djippe wûnen pulsearret in redeleas ferset, rûnom de stank fan ferried dy't út gjin klean te waskjen is. Gjin sprankje hope noch, gjin taal tarikkend om de hel te kearen. Foar de fergettenen gjin wurd fan treast, tefolle wurgens tôgje se, tefolle eangst. Ommers gjin earm om yn te sliepen en gjin spoar fan God. Vorige Volgende