waarheden doen kennen.
Dekt dizze titel no ek de poëtise lading fan Feddema syn bondel? Omdat de ferskeidenheid yn dizze (sammel-)bondel grut is, slagget it fansels noait de ynhâld ûnder ien wurd te beflappen.
Mar in titel moat ek nijsgjirrich meitsje, moat de (potinsjele) lêzers prigelje. Yn dy opset is Feddema sûnder mis slagge. Trouwens in fers lykas ‘Mozart's ruftsonate’ (s.13) hat wol wat slapstickeftichs:
Mozart's mem wie jaanderich
Mozart's mjitten ruftsonate
Neat wie der fan Mozart wurden
En yn ‘Apegrykske koekoeksklok’ (s. 15) brûkt de dichter it wurd iepenbierings eksplisyt: Ik wûn de mûnts fan Patmos!
(mei iepenbierings)
Ut de titel fan dizze bondel sprekt ek it eigensinnige nivo fan dizze poëzij. De titel is net allinne orizjineel, it taalgebrûk fan Feddema is dat ek. In priuwke fan dat oarspronklike taalgebrûk: ‘Sproeiend sipelswit’ (s. 5); ‘Praat ik tongtongens yn: Ingelsingelsetaal!’ (s. 6); ‘It wetterstjerbêd is lek’ (s. 9); ‘Nullehakkebaitsjeboksebaitsjeboskenullehakke!’ (s. 10); ‘Russyskerabbelskûtel’ (oer de Russise dichter Vladimir Vladimirovitsj Majakovski, s. 17); ‘Op bêd, iensum mei hoastbuien/(Dêr't net folle muzyk yn siet, wol in soad bloed.) (s. 23); ‘Waarmbulten op syn sek’ (s. 25); ‘Folwoeksenbeammeneuker!’ (s. 27); ‘Heimsinnich myn bleke billen’ (s. 28); ‘Haaietosken fan de geast’ (s. 29).
Feddema hat him yn syn poëtys wurk ûnder oaren bot ynspirearje litten troch de ideeën en prinsipes fan 'e dadaïsten. Guon fan syn fersen binne suver en allinne assosiaasjes fan wurden, klanken en onomatopeeën, dy't har foegje nei de easken fan it ritme en dy't in estetika fan it tafal wjerspegelje. Sa kreëarje se in net-referinsjele, fan syntaksis ûntdiene taal, dy't wol te fergelykjen falt mei abstrakte byldzjende keunst. No, sa! Miskien, by dada-lju is noait wat wis, is it folgjende fers wol yllustratyf foar boppesteande teory:
By de dea fan Beethoven yn it
(ûnkomyske koarte ienakter)
Doktersdiskusje op dôvemansearenkust:
Oer de brûksumens fan Beethovenslever