Unoantaastber bewûnderje? (9)
Jabik Veenbaas
Ik meitsje gjin krobbe fan mysels
Unoantaastbere bewûndering foar minsken is gefaarlik. Unoantaastbere bewûndering is ferearing, en jo moatte nea minsken ferearje. Ik bewûnderje Mandela en Gandhi, mar ik ferearje har net. Ik wit dat se minsklik binne en har tekoarten hawwe. As it gjin minsken wiene lykas ik, soe ik har trouwens ek net bewûnderje kinne.
Ik bewûnderje Celine om syn styl, mar ik sjoch de tekoarten fan syn opfettingen, ik bewûnderje by Bernhard de wize dêr't er de minsklike idelheid op filearret, mar traapje net yn it manko fan syn morbide misantropy, ik bewûnderje Sade om't er de grinzen fan de geast ferleit, mar ik fyn Juliette langtriedderich. As myn krityk foar harren weifalle soe, soe myn bewûndering ferwurde ta unnoazele oanbidding.
Ik soe in boek skriuwe wolle dat like goed is as Reis nei it ein fan 'e nacht, of as De wrâldferbetterer, of as De sliepkeamerfilosofen. Mar as ik skriuw, kinne my in oar syn boeke neat ferrekke. Ik meitsje myn eigen wrâld, net dy fan in oar, ik imitearje net, ik skep. As ik skriuw, bin ik net nederich. Ik lûk my neat oan fan de boeken dy't ik bewûnderje, ik bin der net bang foar, ik lit my der net ûnder bedobje. Ik meitsje gjin krobbe fan mysels, want wa't dat docht wurdt troch de fûgels opfretten.