Unoantaastber bewûnderje? (8)
Willem Verf
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Unoantaastber. Taaste, oanreitsje. It is net om 'e nocht dat bewûnderers har idoalen graach oanreitsje wolle; it idoal is ommers fral jins eigen skepping. It oanreitsjen befêstiget it feitlik bestean fan jins betochte persoan: sy of hy is echt, myn bewûndering jildt in konkreet minske, ik reitsje dat minske oan, ik meitsje diel út fan al it bysûndere dat myn fielen en tinken yn dy persoan projektearre hat...
In bewûndering dy't safier giet dat men krek net oanreitsje wol, dy giet fier. Dan wolle jo de kâns dat jins idoal besmodze wurdt troch jo eigen ûnsuverens net rinne... Mar: ûnoantaastber, dat is mear as net-oan-te-reitsjen. It betsjut ek: net te beskeadigjen. It is gjin kwestje fan net oantaaste wolle, sels net fan net oantaaste litte; de persoan wa't jins bewûndering jildt is frijwarre fan oantaasting. Hy of Sy kin net stikken.
Meast reservearje wy dat type bewûndering foar minsken dy't harsels weisiferje foar oare minsken of foar in heech en (ûnoantaastber) ideaal. Moeder Theresa. Nelson Mandela. Che Guevarra. Grutte risiko's rinne wy dêrby: sokke idoalen kinne, sadree't mear oer har libben bekend wurdt, yn ien klap fierstente taastber wurde. Kennedy hie hast kontinu in pear huorren ûnder hânberik, Jean Paul Sartre blykt in idel dwylljocht en syn idoal, Mao, wie in âlde tiran dy't jonge fammen seksueel misbrûkte... Mei in skriuwer as idoal rinne jo minder risiko. In skriuwer mei in apartsma wêze, it wurdt eins wol wat fan har of him ferwachte. Dat skilt. Dochs hipt it by my nau. Apartsma o.k., mar ek in bewûndere skriuwer moat wol doge. Te'n djipsten moat er fan oare minsken hâlde, har net lytsachtsje. Hy moat ynteger wêze, at it der op oan komt.
Sa bewûnderje ik, njonken oaren, Stefan Heym. In bewûndering dy't net stikken te krijen is. Heym is in Dútsk/Amerikaansk/Joadske skriuwer. Goedfreed is er fiifentachtich wurden. In praktysk minske mei in unike libbenswannel: as jonge Dútske Joad flechte hy op 'e tiid foar Hitler nei Praag en letter nei Amearika, kaam werom as luitenant foar psychologyske oarlochsfiering yn it Amerikaanske leger, moete tefolle skynhillichheid yn it Dútslân fan nei de kriich om it dêr folhâlde te kinnen en gie werom nei Amearika; as sosjalist naaide er op 'e tiid út foar de kommuniste-ferfolger senator McCarthy. Nearne thús, en dan dochs mar besykje thús te wezen yn de DDR. Wol iderkear spul mei de bazen en baaskes der fansels, boeken dy't net ferskine meie, mar krekt gjin genôch spul dat se him definityf beseitigje kinne. Keapman: yn West-Dútslân en earst ek noch yn Amearika wurdt