Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 135] [p. 135] Jelle Kaspersma Starum o Starum I do libbensgrutte flinter frouwe marije havenhoer foar alle skippersfolk yn starum ûnder dyn findel do patroanesse fan fryslân waard de ridderslach wûn flinter jou dy ôf it waarme soo wachtet yn neare strjitten fol prosesjes in madonna moat rûndroegen wurde mei muzyk mei dûnsjen en mei sjongen olé guapa! hjerst syn kâlde honger sil dy oars beslikbekje dit sigerige lân fol beferzen gefoelens fret syn mem sûnder begrutsjen [pagina 136] [p. 136] II de earme boer kopulearre mei de romtefrou kreas as in filmstjer wie har ferskining mar it bisteftich baltende klearkommen learde him wol oars de ingel oerskade dy allyksa hûd en hier betsjoene my ûnder de glimk fan de eagen dyn swier oansetten lippen iepengeande bloeze paueagen priuw ik hurd as spienen sobje dy hastich werom de dreamen yn hast myn geast oerskade marije fernuvere toeristefolk kloftet om ús hinne sjucht har de eagen út wurdst op 'e nij hillich ferklearre op in fuotstik set [pagina 137] [p. 137] III stiest wer de frouwe te wêzen hingest de leginde út puntmûtse op it hier hân boppe eagen dy't smachtsjend sykje dyn brûnzen tarzan boartet út 'e wei yn 'e pisbak lûkt er syn gefoelens ôf boppe de goate [pagina 138] [p. 138] IV wer in stap tichte by hjoed lang omstappe efter de flinters oan starum is te rûzich it net bleau leech efter de dyk en yn 'e bunker litte kreaze krolhierfammen kul en fingers ta foar leafdestrance bysliepe is it wurd net rjucht read beljochte legens want fierstefolle keamers te hier om diz' tiid fan it jier de keninginnepaazje knypeaget lytse foksen atalanta's deadskopflinters op 'e noarderdaam al likemin te beflappen [pagina 139] [p. 139] V oan 'e skâns en bylâns de foarstrjitte hoeden de beammen útklaaid jins eagen binne wat mâns boarsten ûntbleate rokken omheech slipkes delstrûpt fûleindich fiele fingerje yn hoalen en holten swiet fan geilens it wetter yn foarndelft en stedsgrêft spegelet myn ûntrou yn it moannetsjuster gerdinen geane fansiden it wylde dûnsjen fan de beammen yn de ôfgeande tiid ferliedt ta hoeden lûken oan 'e piercings bongeljende titten skodzjende buken en billen streekrjucht fata morgana yn it fallend blêd en de nacht [pagina 140] [p. 140] VI as opjûne stamgast bedarre yn kúp syn kafee skoudere troch skeind skilderwurk efter it linnen skûlje goarre gjalpen âlde lieten fol weagen en wyn drinkers dy't te ier fersopen smieten en snijden skuorren en spoaren fan doe nei no yn 'e reek de gesichten it bliuwt stil útsein de kastlein syn stim in frjemd lûd regeart oer taap en stamtafel smokend efter it rút domeny's dykje bedigere broer en jaap oan it ferhaal de geast fan simenon waarnommen mar dochs wer in stap tichteby harren wrâld in eintsje hjoed minder út te jaan de drompel oerstapt Vorige Volgende