ling op side 115: ‘Doe't ik in jier letter [1937], as gefolch fan in geastlike depresje en in ferfrjemdingsproses dat him min omskriuwe lit, betanke hie foar de Steaten [fan Noard-Hollân],...’ In persoanlike krisis dêr't de lêzer fierders neat fan gewaarwurdt. Sa ek it houlik mei Willy de Vries. It yn 'e kunde kommen wurdt wol - sfearfol - beskreaun, hoe't it - in jiermannich letter - oanrekket en hoe't it houlikse libben ferrint, bliuwt geheim.
It is dúdlik: Schurer hat publyk-persoanlike oantinkens skreaun, gjin private. It neiste hâldt er foar himsels. En dat hearre oaren ek te dwaan: skriuwers dy't sels it alderneiste te boek stelle moat er abslút neat fan ha.
Dat kin syn - ek doe al ferbjusterjende - útfal nei Gerard Kornelis van het Reve ferklearje, doe't dy yn 1963 syn earste, iepenhertige brievebondel Op weg naar het einde publisearre. Schurer wie it foar ien kear folslein iens mei syn kollega Hendrik Algra, de moraalridder fan it Friesch Dagblad, en spruts yn De Groene Amsterdammer syn ôfgriis fan ditsoarte literêre ego-dokuminten út:
Dat een schrijver, die iets beloofde, het laat zitten en verzandt in een stijl die men alleen nog maar gelal kan noemen, is tragisch, maar het gebeurt soms. Wat ik niet begrijp is dat de supporters van de heer Van het Reve hem juist om deze wanprestatie het luidst toejuichen. Hoe belangrijk de homoseksualiteit ook moge zijn, zij kan toch de literatuur niet vervangen. Het schijnt een aantal mensen in Nederland geweldig op te winden, dat je nu pies en poep en neuken mag schrijven, ook al durven ze het zelf nog niet. Daarom jutten ze een ander op om het te durven. (1/8/64)
It wie dúdlik en tragysk tagelyk: de strider foar rjocht en frijheid, de man dy't op sa'n ymposante wize yn it ferhef kommen wie tsjin de terreur fan grifformearde mannenbroeders en Hollânske kultuerymperialisten, koe de kulturele revolúsje fan de sechstiger jierren net mear neikomme. Hij hie, sels regint wurden, syn tiid as literêr foaroanman hân en fersille yn reaksjonêre wjeraksel tsjin de feroarjende tiden. Mei as gefolch dat de jonge generaasje in fertekene byld krige fan syn libjen en stribjen.
Dat byld waard bij de publikaasje fan syn memoires yn 1969, yn in Fryske èn in Nederlânske edysje, foar in part rjochtset. Mar alheel goed is it - wat mij oangiet - net wer kommen. Ek bij it werlêzen fan De besleine spegel net.
Oer de titel fan syn oantinkens hat Schurer him, sa't it skynt, noait útlitten. Tineke Steenmeijer hold it der yn earste ynstânsje op dat it ‘besleine’ fan de spegel referearret oan de Bibel, I Korintiërs 13:12: ‘No sjogge wy noch ûndúdlik yn in spegel, mar dan each-yn-each. No ken ik ûnfolslein, mar dan sil ik folslein kenne, lykas God my ken.’ It soe dus slaan op it ierdske, net-folsleine witten.
Nei de publikaasje fan de werprintinge fûn se noch in oar spoar. In spesjale útjefte fan Critisch Bulletin, Maandblad voor Letterkundige Critiek, dat yn 1956, mei in bijdrage fan Fedde Schurer, ferskynde ûnder de titel: De onbeslagen spiegel, problemen der letterkundige kritiek. Yn de yn