Schurer ônse nieuwe Führer’.
As er al fan it bestean fan dat flodderke ôf wist, moat it him op syn sêftst sein nitele ha, en wer in tiidrek letter, doe't Bauke de Jong en ik mei Asyl út ein setten en dat reltsje publisearren, moat dat op 'e nij in dúst yn 'e mage west ha, want dat hie de opset fan syn oanfal op mr. Wolthers, de rjochter dy't fan gjin Frysk yn de rjochtseal witte woe, perfoarst en uterstee net west.
Nammers, sels wie er somtiden ek lang net mijen. Heit koe, út 'e earste han, ferslach dwaan fan in gearkomste, dêr't Halbe Doele fûleindich it wurd fierd hie. Kommentaar fan Schurer: ‘Hy sil it wol net sa hol bedoele.’
In oar lyts skiftsje, út 'e tiid dat Schurer yn it Hollânske yn de Steaten siet, en dêr't him op in gearkomste in nuodlike fraach steld waard. No hie de steller fan dy fraach it ûngelok, dat syn noas in, lit ús sizze, wat al te neidruklike foarm hie. Schurer makke fansels opslach it doelpunt sûnder kiper op honk: ‘As ik sa'n noas hie, soe 'k dy net yn sokke saken stekke.’
Mar hy wie tagelyk de man dy't in mannichte los fan 'e stoel en mei de hannen op elkoar krije koe, in sprekker, mei wat hjoed de dei ‘charisma’ neamd wurdt, en der hie er net in lyts bytsje fan.
Letter, as farskbakt en krekt beneamd haad fan 'e skoalle te Arum, ha 'k in pear staaltsjes fan dat charisma en dy sprankel ûndergien, begjin sechstiger jierren.
Somtiden belle Schurer - dat ‘omke’ wie ûndertusken al fersille - my op, om't er as lid fan 'e Twadde Keamer plichtmjittich earne yn it efterein fan 'e wrâld syn wurdsje dwaan moast. It apparaat dat auto hjit koe er mar net lyk yn 't spoar krije, dat dy kilometers mocht ik dan foar him frette.
Efter de bestjoerstafel, tusken foarsitter en siktaris yn, naam er de seal fantefoaren oer syn brul hinne glimkjend op, it wenstich protokol mei ynmoed achtslaand, happich en ree om yn elts gefal dit lytse partsje fan 'e wrâld fan syn gelyk te oertsjûgjen.
En ja hear, hy hie de earste trêden nei ‘het spreekgestoelte’ noch mar amper ûndernommen, of de salvo's weagen al troch de almeasten grôtfolle seal.
Op sokke stuiten moast ik tinke oan Wim Kan of oan Wybren Altena, inselde soart presinsje, in oant op in tsiende fan in sekonde brûken fan 'e stiltes, it wachtsjen, it sjen, en dan ynienen de frappe. Applaus.
En sa koe it barre, dat der inkeldris in mennich amerijen oer bleauwen om der yn 't skoalhûs ien op te nimmen, Schurer pratend en grutsk op syn sukses, want idel wie er, en ik harkjend foar him oer, de dichter opnimmend, en ûndertusken, heal wei dreaun, tinkend oan 'e tiid dat ik op 'e simmerkampen op Skylgeralân syn lieten song, ‘Hear Haitse’ en ‘Goendei, Goendei’, as ik it goed ha. Dat hat lykwols noch wat west, want op in goede dei kaam Jan Bearn Singelsma, fanwege syn filmklub ‘Kleare Kimen’, tusken de bunkers op, mei kamera en al, dat sadwaande rekken sawol de piipsmokende dichter as de sjongers fan syn balladen ferivige op it beweegjende en flikkerjende