yn (‘It lot fan Tea’! ‘Nei Reykjavik’!), it gong úteinlik om it evangelysk boadskip. Likegoed as dat Schurer, sa betink ik no efterôf, by en nei alles wat er sein, skreaun en útdroegen hat, yn earste en lêste ynstânsje kristlik wie en nettsjinsteande alles kristlik bleaun is.
Hawar, op dyselde Lemster toanieljûn seach ik Fedde Schurer dan foar it earst libbensliif. Sa moai net earlik (mear) as op dy foto fan alear, mar wol osa ynnimmend en meinimmend beide. Lykas nammers ek sein wurde koe fan de sprekker dy jûnes. It wie ommers wenst, alle opfieringen fan Thúsreize foarôfgean te litten troch in koarte oanfiterjende taspraak fan ien fan de Fryske foarmannen. Ik trof it dûbeld, want dy kears hienen hja Douwe Tamminga foar it buordsje. Ek him koe ik oant doe ta allinne út de Christelijke dichters van dezen tijd... Tamminga bemong yn syn koarte rede de neffens my ivich-moaie anekdoate fan de-studint-en-de-túnklauwer, in learsum grapke dêr't wy doe tige gefoelich foar wienen. Sa'n streksum praatsje koe men nammers oan de jonge Tamminga tabetrouwe!
Sunt dy Lemster toanieljûnen (ik leau dat ik yn myn entûsjasme wol twa fan de fjouwer (?) opfierings bywenne ha, oars kin ik my teminsten net begripe dat ik letter al gau hiele einen út 'e holle koe) hie ik foargoed by wize fan sprekken myn Fryske thúsreize belibbe. Ik wie ynlaat yn it lân fan belofte, mei Schurer en nei him al ringen Tamminga en Piebenga (Jan) as gidsen. Dàt benammen falt jin efternei besjoen sa op: de grutte, hertlike reewilligens dêr't sokke baasmannen jongmaatsjes lykas my mei ferwolkommen, ynhellen en fierder stipelearren en skewielden.
Fan mysels kin ik it my no noch mar amper begripe, mar ik wie sa dryst en stjoer mei fan myn earste fersen nei Amsterdam, nei de Admiraal de Ruyterweg. Schurer wie altyd ree ta wiidweidich, kritysk en opbouwend kommentaar. In kearmannich noege er my út as er, útfanhûs by syn mem, in deimannich op 'e Lemmer ferkearde. Ik haw by sokke gelegenheden fansels net folle méar dien as harkje en my yn de earen knoopje wat er oer de literatuer yn it algemien en de Fryske skriftekennisse yn it bysûnder, foaral yn it anekdoatyske, my bybringe woe. By ien as Douwe Tamminga, in heale generaasje jonger as Schurer, fielde men jin learling en freon tagelyk; mei Schurer bleau myn relaasje dochs wat ôfstanliker, hoe gol er jin ek yn 'e mjitte kaam.
Dat lêste feroare ek net doe't er nei de oarloch nei Fryslân weromkaam, as haadredakteur fan de Friese Koerier, en wy by wize fan sprekken - ik wie yn Drachten yn de sjoernalistyk bedarre - kollega's waarden.
Ik ha it osa wurdearre dat er spontaan, by al syn oare drokten, tasei doe't ik him frege foar it nije moanneblêd De Strikel dat wy yn Drachten útbret hienen tenei it (yn)liedende artikel te skriuwen. Pittige stikken wienen it, al dy jierren dat er dy plicht waarnommen hat. De titel ‘By ljochtmoanne’ wie ek syn fynst. Ik ha der wol ús fotograaf Pyt Bergsma in passende rubryksfoto by meitsje litten, mar fersomme Schurer te freegjen wat er no winliken mei dy kop bedoelde. Der binne fansels mear en yngeander fragen dêr't men foar altyd te let mei komt.