praters - en der sil men dy skriuwers doch ûnder sykje moatte - is hjir folle heger (sa'n 90%) as yn de stêden en de grutte plakken. Mear as hûndert dy't Frysk skriuwe kinne? 90 persint kin hielendal net skriuwe, lit stean fan Frysk! Hûndert flaters yn in stikje fan hûndert wurden, dêr komt it op del. Sjoch de kopij foar de doarpskrante der marris op nei.
Yn elke klasse dêr't ik les oan jou, soene fiif learlingen Frysk skriuwe kinne? Fan de fjouwer of fiif learlingen dy't Frysk as eksamenfak kieze, kin de helte it - alteast yn it begjin - mar amper. En dat binne de echte trochsetters. Fiif learlingen fan de 1500, dat is 0.3 persint, Reitze, en gjin 17.
Sa'n enkête is mar in enkête. De measte minsken folje mar wat yn. Krektlyk as de ûndersikers stelle hja de saken it leafst sa geunstich mooglik foar. Dan wurdt der al gau tocht: ik wit hoe't ik ‘ien’ en ‘twa’ en ‘trije’ skriuwe moat yn it Frysk, dus ja, Frysk skriuwe dat kin ik wol: iin, twa, trye. Ik kin oant trije ta telle - teminsten dat tocht ik - en dus kin ik rekkenje.
Sa is it ek gien by it ûndersyk nei it lokkich fielen yn Fryslân en de ûndersikers fan de Fryske Akademy binne der blynseach yntrape. Trouwens, de suverens fan de fraachstelling hold ek net oer. De minsken koene by it ynfoljen fan de enkête kieze út: ‘tige lokkich’, ‘ridlik lokkich’, ‘net sa lokkich’ en ‘tige ûngelokkich’. 47.5 persint wie tige lokkich, 49.7 persint ridlik lokkich, 2.6 persint net sa lokkich en 0.2 persint tige ûngelokkich. Mar dat ‘ridlik lokkich’, wat hâldt dat eins yn? De skiedsline tusken ‘ridlik lokkich’ en ‘net sa lokkich’ is ûndúdlik. Wat de ien ‘net sa’ fynt, dat neamt in oar ‘ridlik’. En al wa't twivelet, kiest fansels foar de geunstichste opsje: ik meitsje my soargen oer de bern (GPD/SEO-enkête: 10%), ik bin gauris depressyf (11%), ik ergerje my oan myn man/frou (12%), ik skyt op ús heit en mem (22%), myn sekslibben stelt gjin kloaten foar (26%) en mei de sûnens is it altyd wat (33%), mar fierder giet it wol, dat ik mei net klaaie, der binne sa'n soad dy't it helten minder ha, nee dan ha ik it noch troffen, dan bin ik noch ridlik lokkich.
Ynstee fan ‘ridlik lokkich’ kin men ek sizze ‘net hielendal lokkich’, dan beweart men itselde mar it klinkt al justjes oars: Meer dan de helft van alle Friezen is ‘niet’ of ‘niet helemaal’ gelukkig. En dus is der noch hope. Want de wiere untefredenheid keart him tsjin himsels. Wa't ûntefreden is, komt yn aksje, besiket syn sitewaasje te ferbetterjen, te kompensearjen of te sublimearjen en dat hâldt de bron wiet en it wetter yn beweging.
En sa is it. Goed ien miljoen Nederlanners bygelyks - om krekt te wêzen 1.3 miljoen - skriuwe ‘literêr’. Dat hat in ‘represintative’ stekproef útwiisd dy't it merkûndersykburo NIPO ferrjochte yn opdracht fan de Stichting Schrijven. Utgeande fan in ynwennertal fan tusken de 15 en 16 miljoen, kinne we dus konkludearje dat ien op de tolve Nederlanners wat docht oan helletry. It grutste part skriuwt fersen (620000), dêrnei komme de ferhaleskriuwers (372000), de skriuwers fan liet- en toanielteksten (248000) en it restearjende hantsjefol fan 4.6 persint is dwaande mei