Govert Alettinus Gezelle Meerburg (1918) studearre Nederlânsk, wie wittenskiplik amtner by de Fryske Akademy, haad fan de Regionale Omroep Noord en Oost te Grins en dosint oan de Winkler Prins te Veendam. Hy publisearre as Marten Sikkema fersebondels, skôgings en ferhalen, sette fersen, proaza en toanielstikken oer, wie redakteur fan De Tsjerne, De Stiennen Man en De Strikel. Hy krige yn 1961 de Gysbert Japicx-priis foar poëzij. |
|
Henk van der Meulen wie redakteur fan de Leeuwarder Courant, dêr't er no noch resinsjes foar skriuwt. |
|
Oene W. Nijdam (1944) siet by it ûnderwiis, publisearret oer muzyk en is resinsint by de Ljouwerter Krante. |
|
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frentsjer. Hy skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
|
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw. |
|
Sybren Sybrandy hat klassike talen en Frysk studearre. Sûnt 1973 is er wittenskiplik meiwurker oan de Universiteitsbibleteek te Grins. |
|
Johan Veenstra (1946) woont zien hiele leven al in N'jhooltpae, midden in de Stellingwarven. Schrift sund 1971 en publiceerde mit mekeer een 14tal boeken. Butendat schreef hi'j veur verschillende kraanten en tiedschriften; hadde een wekelikse column veur Omroep Frieslaand. Hi'j is redakteur van De Ovend, et tiedschrift van de Stellingwarver Schrieversronte. |
|
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer en redakteur fan Trotwaer. Fierders is er resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Hy skreau de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dat ok noch en deagewoandea. Oar wurk fan syn hân: Willem Santema, in fersetsman en tegearre mei Doeke Sijens In útjouwerij fan QuizeQuânsje. Hy publisearre yn Hjir en iP2r90. |
|
Fokke Wester (1958) is berne yn Drachten, wennet yn Wynjewâld en wurket as sjoernalist by de Drachtster Courant. |
|
Liuwe H. Westra (1966) studearre klassike talen en téolegy yn Grins. Hy wie fan 1993 oant en mei 1997 foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. Sûnt koart wurket er foltiids as domeny yn de doarpen Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum. |
|
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt fersen en makket kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd |