Antine Zijlstra wie ien fan de dielnimmers. De kursus bestie út twa parten, allinnich lju mei potinsje soene meidwaan kinne oan it twadde part. Nei it earste part, in wykein lang mei syn tweintigen op Koartehimmen, wiene der noch sa'n tolve man oer. Antine mient dat de seleksje der mear ien fan natuerlike aard wie. Minsken wiene nei it earste wykein útfallen trochdat se útfûn hiene dat senarioskriuwen neat foar har wie. De groep dy't oerbleau foar de folgjende fjouwer wykeinen wie nochal divers yn nivo.
It treatment foar de rige dy't op steapel stiet, hat se noait sjoen en hat ek noait oan de oarder west. Wol hat der praat fan west dat at der in geskikte sêne skreaun wurde soe, dat dy dan miskien brûkt wurde koe.
Yn de kursus waard foaral in protte enerzjy stutsen yn de technyske aspekten fan it senarioskriuwen. It rekken hâlden mei it fisuele, at it byld stilstiet zappe minsken, de cliff-hangers, it opbouwen fan spanning.
Wie it wykein op Koartehimmen foaral ien grutte ynlieding, yn it twadde part moast wurke wurde oan de hân fan konkrete opdrachten.
Mocht it doel miskien al it meiwurkjen oan it Fryske senario west wêze, dan is dat doel geandewei feroare, tinkt Antine. Sels hat se der yn alle gefallen neat fan fernommen.
Oer de kursus sels is se wol enthousiast. Se tinkt no alle know-how yn hûs te hawwen foar it skriuwen fan in senario, en ek foar it skriuwen fan toaniel hat se in protte oan de kursus hân.
Oan it ein fan de kursus hie se evengoed noch ien fraach. Mocht se mei in briljante synopsis foar in senario sitte, wêr soe se dêrmei hinne moatte? Marjan Jelsma hie der gelokkich in dúdlik antwurd op. Dat moast nei in omrop, fansels. Besykje it by de IKON, EO, VARA, VPRO, AVRO, NCRV, KRO of sa.
Yn Fryslân is der by gjin inkelste organisaasje in iepening foar ien mei in senario. Yn Fryslân is gjin jild.
Dat is op himsels net negatyf, Fryske skriuwers moatte kwa nivo konkureare mei har Nederlânsktalige bruorren en susters. Dat leveret in sûne sitewaasje op. Wa't in goed skriuwer wurde wol, sil der hurd foar wurkje moatte, trochsette en mei wat gelok en talent sil it wol klearkomme.
Frjemd is it wol. Dat de Provinsje subsydzje jout foar in kursus wêrtroch't Fryske skriuwers net mear yn it Frysk of yn Fryslân wurkje hoege.
Hoe't it mei de Fryske rige komme sil? At der jild komt, sil de rige der wol komme. Soks leit yn de hannen fan de polityk, it sil wol in kwestje fan lange adem wurde.
Binne der noch mear minsken o sa benijd nei wa't it senario úteinlik skriuwe?