Achte redaksje,
Ik haw Durk van der Ploeg altyd holden foar in krekt en erudyt man. Yn it artikel ‘De Fryske útjouwer as in abstraksje’ (yn it maartnûmer) hat Durk van der Ploeg de útjouwerij Noard Trije alhielendal net neamd, ja, dizze jonge útjouwerij bestiet neffens Durk van der Ploeg net.
Mar no konkreet. Utjouwerij Noard Trije is yn de twadde helte fan 1996 oprjochte en hat it boek De Friezen komme út Yndia útbrocht yn 1997, yn datselde jier is de twadde printing ek útkommen. Dit jier komt de roman Drugs, drank en dowen yn Fryslân fan deselde skriuwer út.
Bysûnderheid: Utjouwerij Noard Trije wurket sûnder de toerhege subsydzjes dy't alle oare útjouwerijen ha moatte.
Direksje Utjouwerij Noard Trije, S.F. Doting.