It produkt Noord Nederlands Orkest
Oene W. Nijdam
In ymposante bibleteek hiene wy thús net. Aardich te oersjen om sa te sizzen. Twa bondels binne my út myn bernetiid altyd bybleaun: in heimsinnich - en ferbean - boek mei de titel Het sexuele leven van de mensch en X-Y-Z der muziek en dêrfan foaral de namme fan de skriuwer, Casper Höweler.
By it ferstjerren fan ús heit, desimber ferline jier, haw ik der nei socht. It draaiboek foar myn ûntstean wie der net mear, mar it boek fan 'e man mei de frjemde namme stie noch prominint yn 'e boekekast. Dat waard blykber noch wolris brûkt, want heit wie musikus, fluitist yn it eardere Frysk Orkest.
Sûnder erch gongen myn hannen op 'e siik nei in kleureprint dy't as bern in soad yndruk op my makke: ‘martelscène uit een middeleeuws mysterie-spel’. Op dy plaat wie in frommiske te sjen dat troch in pear represintanten fan it sterke geslacht tige tatakele waard. It sadisme soe mei it midsieuske passyspul te krijen ha. Hoe dan ek, oan 'e ein fan 'e rit wie de juffer har hier en har tosken kwyt. Dat makke doetiids yndruk en no eins noch wol. It wie ek it iennichste dêr't je oerémis fan wurde koene, want al it oare eage krekt sa feilich en oersichtlik as de bernebibel fan Anne de Vries.
It muzyklibben yn Fryslân wie - en is - net folle oars. It Frysk Orkest spile wurk fan mannen as Haydn, Mozart, Beethoven en Brahms, en tsjintwurdich is it by it Noord Nederlands Orkest eins net oars. ‘Frjemd folk’ krige - en krijt - mear syn gerak yn 'e Rânestêd. ‘Museum-kultuer’ hjit dat hjoed de dei en dat is neffens it regear net mear fan dizze tiid. It roer moat om. Dat seit Aad Nuis, steatssekretaris fan Onderwijs, Cultuur en Wetenschappen, troch Jan Blokker prachtich typearre as ‘de reusachtige Nuis’. In man mei leafde foar it Heitelân (Nederlân yn dit gefal), in idealist dêr't de trochsnee FNP'er noch wat fan leare kin.
De steatssekretaris easket fan de orkesten dat sân prosint fan it program bestege wurdt oan wurk fan hjir berne komponisten en foar in part moatte dy ek noch libje. Sa net, dan folgje der sanksjes en dy ha mei jild te krijen. ‘Flexibilisering van het budget’ hjit soks yn geef Nederlânsk. It drigemint spilet al in pear jier mar is no wer aktueel.
De Stichting Donemus, útjouwer fan hjoeddeiske muzyk, is optein. De orkesten - ek it NNO - binne minder entûsjast. Begryplik, want je kinne fan 'e moderne eigen muzyk in soad sizze, mar net dat it in probaat middel is om de sealen fol te krijen. En dy binne trochstrings dochs al benearjend leech, faak mar foar in trêde part beset.
In lestich probleem, want foar de ideeën fan Nuis is bêst wat te sizzen. Allinnich, sân prosint,