Trioel
Leaver in heale Hollanner
Henk van der Meulen
Dat Wim van Krimpen fan de Rotterdamske Kunsthal frege is om direkteur te wurden fan it mei Het Princessehof te fusearjen Fries Museum, hoecht jin wier net te fernuverjen. Wy ha ommers sa njonkelytsen wol leard om te libjen mei it ús hast yndruide feit dat der gjin Friezen binne dy't genôch talint hawwe om hjir in foaroansteande funksje fan kulturele kwizekwânsje te beklaaien.
De Ljouwerter Harmonie bygelyks hat al langer as in heale ieu in net-Fryske direkteur. En as Gerard Tonen op 'e Ljouwerter skouboarch útsjoen is mar yn Twinte dochs net grut teatraal sweeslaan blykt te kinnen, hoecht er net iens as lytsman nei Fryslân werom te krupen, mar wurdt er wer optein ynhelle, sa'n bytsje as ‘ús rêder’. Foar it Fryske toanielselskip Tryater wurdt ek al mannich jier allinnich in net-Fryske artistyk lieder goed genôch achte. Dat Jos Thie, sa't men wol grútsjen hearre kin, langer fral tiid en omtinken besteget oan it regissearjen fan sjos as ‘Mini en Maxi’ en oan spektakels fan Joop van den Ende, mei en kin yn Fryslân hinnebruie. En as de Frysktalige Omrop Fryslân in nije direkteur-haadredakteur siket, komt samar de Brabânske Hollanner Pim Gaanderse foar dizze funksje yn 'e beneaming.
Nee, perfoarst gjin ferkeard wurd oar al dizze och sa treflike figueren dy't har alhiel net te goed fiele om har rynske talinten oan it Fryske folk te skinken. En Van Krimpen is sels sa'n baas dat men fan him ferwachtet dat er de yngripende Fryske museumklus wol yn dieltiid njonken syn Kunsthal-baan oprêde kin. In heale Hollanner kin, fine se hjir blykber, mear as in hiele Fries. Oan heechstelde ambysjes ûntbrekt it Van Krimpen yn alle gefallen net. Sa hat er tsjin de Ljouwerter Krante sein der foar soargje te wollen dat it Fries Museum oar tweintich jier de moaiste kolleksje Nederlânske keunst hat. ‘Oer tweintich jier’ - en dat seit in man fan 56. Van Krimpen is dus fan doel yn Fryslân oer syn pensjoen en miskien sels wol oer syn grêf hinne te regearjen. En dan: ‘de moaiste kolleksje Nederlânske keunst’ - wa sil dat betelje? Zoetelieve Gerritje miskien of oars Gekke Gerryt? Mar wacht even: Van Krimpen seit dat er dêrfoar soargje wol. En wollen is noch altyd wat oars as sillen en kinnen.
Guon Fryske pommeranten ha al safolle fidúsje yn de kulturele managementskapasiteiten fan Van Krimpen dat se him fuortendaliks it foardiel fan de twifel skonken ha. Mar myn Boalserter mem sei altyd: Pas ast ut sien hest kanst met geloven beginne. En dêrom bygelyks leau ik no àl yn de fuotbalferiening Heerenveen, almoat dy dan noch hieltyd ta mei in Fryskpratende Fries as Foppe de Haan.