Unoantaastber bewûnderje? (7)
Tr. Riemersma
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Ik begryp net goed wêrom't de redaksje ús oer dy opmerking fan Kees Fens gear ha wol. It is net in opmerklike útspraak, it is sels net in opmerklik domme útspraak. Dom is it fansels wol. As jo josels oplizze om beskate saken ‘onaantastbaar’ te bewûnderjen, benimme jo josels de kâns om adekwaat yn te spyljen op in feroare resepsjesitewaasje. Jo smaak kin feroarje, der kinne nije feiten oan it ljocht komme en der soenen jo gjin rekken mei hâlde meie? Dat liket my absurd.
Stel no, ik haw in grutte bewûndering foar de Rimen en Teltsjes. Mar dan lês ik op in kear dat de ferhalen dêryn foar it grutste part op plagiaat berêste. Mei dy nije ynformaasje myn bewûndering net oantaaste?
De redaksje freget ek nei de relaasje fan Fens syn útspraak ta ús eigen skriuwerij. It is in ûndúdlike fraach, tinkt my, mar ik sil besykje in antwurd te jaan. In skriuwer moat net bewûnderje, syn haadpersoan benammen net. Bewûndering makket de affiniteit tusken skriuwer en haadpersoan te grut. In skriuwer moat him ferwûnderje, oer syn haadpersoan en oer syn únferwachte optreden. Ferwûndering skept distânsje, en jout mooglikheid ta byfal en ta krityk.
Oer 't generaal haw ik nammers in skalk each op bewûndering. Dejinge dy't bewûnderet, lit it objekt - minske of ding - net yn syn wezen, mar hellet it nei him ta en makket it like lyts as er sels is. Bewûndering is in utering fan agresje: it bewûndere objekt moat him eksakt oanpasse oan de easken dy't troch de bewûnderer steld wurde. Docht it objekt dat net, dan wurdt it fan syn fuotstik skopt.