it ljocht dûnset,... blommen op hege stalen dêr't de wyn trochhinne giet, paden troch it lân en eachkontakt [!]’, dy't efkes fierder yn de ‘Ynlieding’ opsomme wurde, dogge it altyd, mei of sûnder psychysk monisme.
Yn it leste part fan de ‘Ynlieding’ giet it dan noch oer wat foar my de krêft is fan Postma's poëzij, nammentlik it parlando-eftige fan syn fersen, dêr't ek gauris wat irony yn leit: ‘It suver achteleas beneamen fan de dingen yn it ljocht fan de ûneinichheid jout soms de yndruk fan irony. Meastal komt dat omdat der twa wrâlden by elkoar komme mar de dichter hat ek wat mûskeeftichs. Hy kin der sa stikumwei mei oankomme.’
In a-literêre karakteristyk, dat ‘mûske-eftich’, dêr't de lêzer net folle mei kin. It bringt ús werom nei de uterlikheden fan de printsjes.
Yn syn jonge jierren wie Postma in tsjep jongfeint en as learaar mocht er der ek noch skoan wêze, al foldie er dan net oan de tsjintwurdige easken foar it homo-uterlik (‘gjin bbs’), want hy hie krekt wol in bril, in burd en in snor. Ik mei Postma leaver lije as syn libbenslange freon Tjitse de Boer. Wy krije net te hearen oft dy De Boer letter troud is, en kinne dus ek net spekulearje oer it al of net platoanyske karakter fan de freonskip. In echte lakune! Wol wurdt der twa kear (yn de ‘Ynlieding’ en op side 22) in ferbân lein - faaks net kausaal tusken it ferfarren fan De Boer nei De Haach en it opsetten fan in eigen húshâlding mei syn suster Liezabeth. ‘Hja hat fan 2 juny 1904 oant syn dea ta syn húshâldster west’, stiet der dan. Dus njoggenenfyftich jier. Dochs komt hja yn it hiele boek mar twa kear foar.
Om't Postma graach oer it gewoane libben skreau, binne der fansels gâns mooglikheden om plakken en lânskippen sjen te litten dêr't fersen fan him oer geane of troch ynspirearre binne. Sa besjoen lient syn poëzij him goed foar in plaatsjeboek. In inkele kear is it ferbân te fier socht yn myn eagen. Sa wurdt de rigel ‘Ik ha myn Amerikaanske dichters ris oerskôge’ (s. 38, ôfb. 200) streekrjocht yn ferbân brocht mei in blomlêzing fan Amerikaanske poëzij dy't Postma yn syn besit hie, wylst er doch ek fierder genôch Amerikaanske poëzij koe. Mar dit binne útsûnderingen. Oer it ginneraal binne de ferbannen dy't lein wurde plausibel.
De opbou fan it boek is yn grutte halen gronologysk, mar ek wol wer sa dat dy folchoarder trochbrutsen wurdt om in ûnderwerp ôf te hanneljen. Om't der rij mei jiertallen struid wurdt, is de folchoarder meastal dochs wol dúdlikernôch, al rekke ik wolris efkes op 'e doele.
Maatskiplik engaazjemint hoege jo by Postma net te sykjen. Ik tink dat syn filosofy net safolle each hie foar de ‘gebrokenheid van de schepping’ om it mar ris kristlik te sizzen. Fan it sosjalisme moast er fan gefolgen net folle ha, arbeidershûskes fûn er benammen pittoresk. Ek ditsoarte netliterêre aspekten fan Postma's libben komme yn it boek oan 'e oarder, bygelyks ek syn hâlding yn en flak nei de oarloch oangeande suvering. Syn lânbouhistoaryske wurk krijt ek rom omtinken. It moat wol allegearre yn koart bestek. Sa'n lang libben yn 242 yllustraasjes! Eins hie it boek folle tsjokker wêze moatten, dat is myn wichtichtste krityk.