in leechhûdich, wat megalomaan man. Hy komt net echt ta libben, sels om syn dea koe ik my net bekroadzje. Tsjin Jochem oer bliuwt er domwei net stean. Om fan Rose noch mar te swijen. Gelokkich bliuwt it ferpleechsterke aardich op de achtergrûn, mar om my hie se der hielendal wol útmochten. Wêrom't der keazen is foar in bûtenlânske, is my al hielendal net dúdlik. Of it moat al om it kontrast mei Jochem wêze. Rose is fuortgongen fan har berte-eilân en Jochem is no yn it sikehûs foar it earst fan hûs. Rose hat har oanpast yn har nije lan, Jochem is altyd bleaun wêr't er wie, wêr't er thúswie. Adriaan hat noait echt ergens thúswest, syn woartels binne net dúdlik. Helder wurdt it kontrast net, Rose liket my aardich Nederlânsk en spyt hat se nergens fan.
De trije ha mar in lyts bytsje meiïnoar. Allinnich dizze koarte tiid yn in keamer. Ta it ûntwikkeljen fan in emosjonele ban komt it net yn sa'n sikehûs-sitewaasje. It bliuwt hjirtroch allegear wat yn de loft hingjen ‘wat ermee moet’, om it op syn Rijpsters te sizzen. Ek al jout Oldenhof syn sênes titels mei as ‘Zelfinzicht’, ‘Schrijven’, ‘Afsterven’ en ‘Solidariteit’.
Sa't de personaazjes mar gjin ienheid foarmje wolle, wol it mei de sênes ek net echt. It stik wurdt der wat rommelich fan. Nei't ik it lêzen hie, woe ik mar ien ding. De monolooch fan Jochem, de boer, lêze. Ik hie him stikken leaver op syn hiem sjoen. In lege pleats, sûnder hiem.
Foar Lilia, de Russyske, spilet taal in faktor fan belang. Se praat har eigen taal en dy kin ik yn alle gefallen net léze. Dochs wurdt it publyk op de hichte brocht fan har ferline troch in soarte fan voice-over. My hie it net útmakke at se no analiste út Smolensk is of woarteltsjetaartbakster út Moskou.
Har funksje yn it stik is dy tusken Homme en Siemen, se is heechút katalisator. In stomme rol hie ek wol kind. It hert fan Oldenhof leit sa dúdlik by beide bruorren dat de ynfo oer Lilia der wat raar tuskenfalt. It liket suver as hat er tocht:‘No ja, se sit der no ienkear yn, ik kin net sûnder har, dan moat ik har ek mar in karakter jaan. Ik moat der in minske fan meitsje, mei in ferline’.
Ik krige der allinnich mar begrutsjen mei har fan, sa tusken dy bruorren ynstean te moatten, dy feinten mei karakters dy't steane as in hûs, dy't it publyk laitsje en gûle litte. Sokke manlju, dêr hie gjin frommis tsjin opkind, of it hie ien fan itselde slach wêze moatten.
It steurt wat, de Adriaans, Roses en Lilia's.
It ienichst stik mei allinnich Rijpsters deryn is Rolbrug en dat fyn ik dan fuortendalik ek it sterkste. Wêr't Rijpsters meiïnoar of lâns inoar hinne prate, dêr bart wat. Dat is yntym, lyts, it ûntroert en dêr moat om lake wurde. Dat jildt foar de Siemen-Homme-sênes en yn Rolbrug kin it feest hielendal net op. Dat sil foar in part ek komme trochdat dit stik net opset is yn sênes, mar in ienheid is. Dêrtroch rint de dialogetrein yn ien ruk fan A nei Z.
Om't alle stikken fan De Rijpen gjin bewegend toniel opleverje, sawol personaazjes as sitewaasjes binne statysk, moat de dialooch en opbou wol hiel sterk wêze wol it spannend bliuwe. De Rijpsters fan de Rolbrug lûke de karre maklik. Sa't de