Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 100]
| |
De wearde fan printeboeken
| |
[pagina 101]
| |
Printeboeken kinne yn mear as ien opsicht in bydrage leverje oan de ûntwikkeling fan bern. Ik neam: taalûntwikkeling, sjen, konsintraasjefermogen, foarstellingsfermogen en fantasije. Troch in ferhaal, mar ek troch yllustraasjes wurdt in bern konfrontearre mei emoasjes. Al dy aspekten komme ek yn 22 wezen en in oaljefant en Allinne do en ik oan 'e oarder. Der falt hiel wat te belibjen yn it wezenboek, en bern sille lang alles net yn ien kear befetsje kinne. It is in boek om kear op kear te besjen, om dan wer nije details te ûntdekken. En wat sille bern fantasearje kinne oer it grutte weeshûs, de lokaasje dêr't it ferhaal him ôfspilet. Trochdat der sa'n soad te belibjen falt yn 'e tekeningen fan Hopman, freget it boek nochal wat fan it konfrontaasjefermogen fan bern. Sjogge we nei it oare printeboek dan falt op dat it emoasjonele aspekt yn Allinne do en ik hiel goed útwurke is. Lyts Guoske en Grutte Garre Goes sykje in plakje om te skûljen foar de stoarm. En hieltyd wer siket en fynt Lyts Guoske beskûl by Garre Goes. De yllustraasjes roppe in hearlik gefoel fan feiligens op, sa ûnder de wjukken fan de oppasgoes. De realistise tekeningen fan de bisten dy't Lyts Guoske en Grutte Garre Goes ûnderweis tsjin komme slute goed oan by it foarstellingsfermogen fan de doelgroep. It boek draagt by oan de emosjonele en sosiale ûntwikkeling fan bern. Yn beide boeken is der in lykwichtige gearhing tusken tekst en yllustraasje. It oarderjen fan it tiidsbarren, it werkennen fan analogyen yn situaasjes en foarfallen en it lizze kinnen fan kausaliteiten sil dêrtroch gjin problemen opleverje. Soks hat alles te krijen mei de foarmjouwing fan beide printeboeken. Sa't ik hjirboppe al oanjoech, ha 'k wat de foarmjouwing oanbelanget sjoen nei de yllustraasjes, de ferhaalopbou en it taalgebrûk. Yn de tekeningen fan beide yllustratoaren binne de folgjende trije wichtige eleminten oanwêzich: de foarfallen, de omjouwing en de atmosfear. Hopman en Bates folgje beide de foarfallen fan it ferhaal, dy't dêrtroch it direkte omtinken krije. De detaillearing is yn Hopman syn tekeningen grutter as dy by Bates syn printen. Bates rjochtet de skynwerper op de twa haadfigueren, Garre Goes en Lyts Guoske, wylst de omjouwing folle minder yn byld komt. By Hopman is der in rike situaasjedetaillearing oanwêzich, dy't net direkt needsaaklik is om it ferrin fan it ferhaal te folgjen. Troch sa te yllustrearjen wurdt der ek mear fan de ‘lêzer’ frege, dy moat de oandacht ferdiele oer it ferhaalferrin en alle wichtige en minder belangrike details. Troch it brûken fan ‘mylde’ kleuren lykas sêftgiel en mintgrien, kreëarret Hopman in noflike atmosfear yn it wezenprinteboek. Ek Bates makket yn Allinne do en ik net gebrûk fan gleone tinten, sadat ek hjir in rêstige sfear waar te nimmen falt. Beide boeken dogge troch it brûken fan dy dosearre kleuren wat mearke-eftich oan. Soks slút moai oan by de klassike iepeningssin ‘der wie ris...’, dêr't beide boeken mei útein sette.
Veldkamp en McBratney hawwe beide keazen foar in gronologise ferhaalopbou. It tiidsbestek fan it ferhaal oer de guozzen is hiel oersichtlik: foar, ti- | |
[pagina 102]
| |
dens en nei de stoarm. Yn it boek oer de 22 wezen en in oaljefant wurdt it net sa eksplisyt oanjûn: ‘Op in dei...’; ‘Fan dy dei ôf...’ Dochs ek hjir gjin grutte sprongen yn 'e tiid, sadat de ferhaaltried goed fêst holden wurde kin. Om identifikaasje mooglik te meitsjen is it foar jonge bern wichtich dat it ferrin fan it ferhaal út it perspektyf fan ien haadfiguer wei besjoen wurdt. Hoe sit dat by dizze twa printeboeken? Beide skriuwers foldogge oan dat kritearium. Yn it wezenboek is de direktrise de sintrale figuer en yn Allinne do en ik, kinne de bern har omraak identifisearje mei Lyts Guoske. Bin ik oankommen by it taalgebrûk. Oan it taalgebrûk moatte eigen easken steld wurde. It ferhaal moat net mei mear wurden ferteld wurde as needsaaklik. Ommers, de printen sels fertelle ek al in part fan it ferhaal. At ik dy teory ris los lit op boppesteande boeken dan konstatearje ik dat Bates gâns mear wurden brûkt as Veldkamp. De wurdkar fan Bates is oars neat mis mei, en de Fryske oersetting fan Hermien van der Meer is flot en linich. It taalgebrûk fan Veldkamp, ek yn de oersetting, is boartlik en rekket mei in minimum oan wurden de kearn fan it ferhaal.
Ta beslút noch de ynhâld fan beide ferhalen. De fraach nei de ynhâld fan it ferheljende printeboek is de fraach nei it wêr en wat en it wêrom. It earste dat opfalt wannear't we in printeboek ynsjogge, is de wrâld dêr't it ferhaal him yn ôfspilet. Yn 22 wezen en in oaljefant is in prachtich âld Ingels weeshûs it dekôr. In grutte sliepseal, lange gongen, treppen mei trepsleunings om by del te glydzjen, in dak mei tuorkes. Koartsein in gebou om spannende avontoeren yn te belibjen. McBratney en Bates pleatse Lyts Guoske en Grutte Garre Goes yn in wat romantisearre bistewrâld fan bosk en iepen fjild. It sil bern grif oansprekke, omdat der gâns werkenningsmooglikheden yn it ferhaal en de yllustraasjes sitte. De werkenningsskaaimerken hawwe fansels alles te krijen mei de emoasjonele belibbingsmomenten. Wat docht it ferhaal, wat dogge de yllustraasjes mei it bern? Yn it ferhaal fan Veldkamp foarmje de wezen in hechte groep, is de direktrise in âldklok dy't noed stiet foar har bern en is de oaljefant hiel fantasy-ryk oanwêzich. Ek it gefoel dat elk-en-ien der by heart komt sterk nei foaren: jonges en famkes, wite bern en kleurde kroeskopkes. It ferhaalferrin fan Grutte Garre Goes en Lyts Guoske sil benammen gefoelens fan feiligens oproppe. Wat der ek bart, stoarm en ûnwaar, it guozzepykje hoecht net benaud te wêzen want der is altyd ien dêr't it by skûlje kin. De wêrom-fraach fan beide printeboeken is net sa implisyt of eksplisyt oanwêzich. Mar dat der hiel wat mear út printeboeken te heljen falt as trochsneed bart sil nei it boppesteande wol dúdlik wêze. |
|