Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Tsjisse Hettema Pleats de pleats leit warleas yn de holte fan twa sleatten krûpt en skeukt de achterein as in ferlegen bern by de besite wei doe dat er net mear ynspûn mar úttild symboal fan alles wat frysk wie wer delset waard troch my ûnberikber fier, fierôf en do natuerlik do frij nei bûtenút no'st dysels krêftich inerlik bûn miskien bytsje by bytsje einlings fûn bleatleist Vorige Volgende