soe ik ferfalle ta dranksucht, tink ik. De druk is der wol wat ôf, it wurdt hieltyd mear willewurk. Foarhinne moast it ôf, no kin 'k it healwei lizze litte.
De fûke haw ik yndertiid skreaun yn tsien dagen, dan naam ik eefkes ferlof fan de krante. De lêste jierren rin ik soms wol moannen mei in boek om. Dy dissipline fan it krantestikjeskriuwen, dy mis ik no. Ik bin wat sfeargefoeliger as foarhinne, ik wachtsje no oant ik der nocht oan ha.
It komt ek mei fan it âlder wurden, dan wurde jo wat kritysker. Mar der is ek sa'n soad ôflieding op 'e Feanhoop. Sit ik krekt te skriuwen, sjoch ik ynienen in muskusrôt. Dan krij 'k de buks en flean nei bûten ta, want dy smoarge bisten ferniele my hast alle fûken. In oare kear komt der kunde del en dan sitte wy samar in hiele jûn te praten of wat te mimerjen hjir foar it hûs.
Ik helje in soad út myn ûnthâld en brûk ek oantekenings dy't ik makke ha doe't ik noch by de krante wurke. Ferhalen dy't ik opfong ha yn kroegen, mar ek gegevens dy't by saaklike ferhalen nei foaren kamen. Mar it droeget op, ik moat wer ris wat mear ûnder de minsken.
Ik hear minder as foarhinne, want ik kom altiten yn deselde kroech. Ik moat mar wer ris wat oare kafees by del, dêr't minsken sitte te praten. 't Is oars wol treffen ast der wat oan oerhâldst. Ast der op út bist om in moaie útdrukking te hearren, dan wurdt it neat. Moatst gelok ha. Alde útdrukkings, dat fyn ik moai. Sa hearde ik ris ien sizzen: ‘Ik haw myn hannen noch gjin salichheid beloofd.’ Dat wol sizze: ik bliuw noch eefkes warber. Dat fyn ik prachtich, soks skriuw ik op foar myn eigen foldwaning. Mar ik fyn it ek moai dat it fêstlein is.
Myn ferline sit my wat yn 'e wei. Yn de resinsjes skriuwe se: ‘Wol in aardich boek, mar it is gjin Fuke.’ En de gewoane lêzers sizze: ‘Jaaah, wol in aardich boek, mar it is gjin Durk Snoad, hin?’ Ik kin my der net sa drok om meitsje.
Ik bin freeslik bedoarn fansels, wat ik skriuw wurdt altyd frij flot útjûn en it ferkeapet ek altyd goed. Dan sizze se: ‘Hee Rink, dû stiest wer boppe oan de list fan bêst ferkochte boeken yn de sutelaksje’, mar dan tink ik, no en? Sa is it ommers al jierren. Ik ha blykber wat dat in soad minsken oansprekt. En fierders is it allegear genade.
Ik haw no tiid sat en produsearje dan ek folle mear as foarhinne. Ik freegje my ôf oft de útjouwer my wol byhâlde kin. Mar it is net sa dat ik sa skriuwendewei in foarriedsje opbou dat nei myn dea publisearre wurde kin. Ik wol it sels ek as boek sjen. Ik wurkje net foar de ivichheid.