en wachtte op Reise. De lêste bocht lei foar him. Reise sukkele op him ta.
‘Wat bisto ek in slomen! Hoe moat dat no daliks? Kom op! It is net fier mear, tink oan ús skat!’
Reise fernaam syn droege mûle. Om it fûle deiljocht net te sjen die er de eagen ticht. It swit rûn him by de broek yn en foar in momintsje waard it him hielendal swart foar syn eagen.
‘Reise, noch twahûndert meter,’ hearde hy Eibe roppen. It hearde tichterby as hy tocht hie, en de wei rûn al wat omheech. Dêr moast it spoar lizze! Hy seach Eibe al oer it spoar rinnen. Doe't hy it izer fan it spoar ûnder syn fuotten fielde, tocht er dat de ierde ûnder him de oare kant oprûn. Hy stroffele en rôle nei ûnderen ta, dêr't Eibe al op 'e side lei te hymjen. Reise liet him falle en preau fan it jonge gers.
Minutenlang wie it stil, op it stinnen en blazen fan de beide jonges nei. Eibe draaide mei syn holle en seach nei de kant fan de brede sleat. Under him koe er noch krekt in skoech fan de op 'e búk lizzende Reise sjen. Hy waard mislik.
Der kaam in trein oan en beide jonges rolen in pear meter nei ûnderen ta, doe't er mei gebulder oan harren foarby raasde. Reise lei syn hannen yn 'e nekke en stadichoan koe hy wer rêstiger sykhelje. Hy konsintrearre him op de lûden om him hinne, hy hearde fûgels en de fuortridende trein, mar it hynder wie der net mear.
‘Kom, wy moat sjen wat wy meinaam hawwe.’ Eibe wie oerein kaam en pakte syn linnen tas. Foarsichtich pakte hy de flessen derút en lei se yn it gers. Grutsk seach hy nei syn bút.
‘Hé, stean do! Lis se dêrneist!’
Reise bleau lizzen en wiisde nei syn tas. Eibe pakte him en lei de ynhâld neist sines.
‘Sân, wy ha sân flessen’, telde Eibe. ‘Trije Apfelkorn en fjouwer wite wyn. Do hast fansels wer wyn pakt, wyslt ik sa sein hie..,’
‘Ach, krimmenearje net sa. It is dochs ek myn earste rôf?’
‘Ja, mar ik hie noch it geduld om it út te sykjen. Namme, priis en ynhâld. Do hast allinich mar as in wyld om dy hinne grypt. Mar goed, bêste jonge, ik hie it ek net oars fan dy ferwachte.’
Hy seach alwer om him hinne en socht nei lusifers foar syn sigaret. Hy hie ek al neat mear sein en Reise begûn te laitsjen.
‘Wat lakest no?’, freege Eibe wylst hy de sigaret oanstuts.
‘No, neat,’ gibele Reise, ‘sân flessen, dat krije wy nea op.’
‘Jawol, wy freegje Emma ek. It sil smûk wurde sa mei syn trijen en dan komt it grif wól op.’
‘Emma is neffens my oars net sa'n grutte drinkefrou.’
‘Jûn wol, jûn sil se wol moatte.’
Eibe wie yn it gers lizzen gien en blaasde de reek stadich nei de blauwe loft. Reise seach nei syn maat.
De swarte krollen dûnsen op 'e holle en kontrastearre sterk mei syn spitse noas. Hy smookte as in skoarstien de lêste trije moanne.
Reise gong wer yn it gers lizzen en tocht nei. De rôf op it lokaaltsje wie slagge en mei in protte leven hie Eibe de flecht ûndernommen. It wie as spile er yn ien fan syn eigen sterke ferhalen: Eibe, de fjurrige mar kompromileaze fagebûn,