Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 83] [p. 83] Tsjisse Hettema Hingje ik haw in sniehûs boud op in krúspunt fan fjouwer wetters en nei elke sleat in rút úthoud fjouwer fizy's foar letter falle gear yn myn hert in flechtwei om better sicht te krijen op myn sniewite ûnskuld hingje oan fryslân hinget it my op dêrom haw ik reade brieven stjoerd kin neat skele wat dêr leit myn hert yn ferskillende sluven gearfoege ta in waaksen palet in skraal kleure ferlet plak de postsegel rjochts tsjin 't gesicht is dat sniewite plak oan 'e muorre dan wol op wiere grutte útsnijd? it reade gesicht dêr tsjinoan flijd op ligen hifke en de fjouwer fizy's foar letter flybket even in iisspegel Vorige Volgende