troch fraachpetearen mei Wadman en Riemersma in eigen plak jaan. Dat smyt wol wat op, yn it gefal fan Riemersma mear as yn it ynterview mei Wadman. Nettsjinsteande dat is it Meerburg slagge en skriuw in aardich portret fan béide skriuwers, portretten dy't gearhingje mei de beide romans en de tiid dêr't se yn ferskynden.
Skriuwers witte fakentiids heel goed hokker boarne tsjinne hat foar in literêr wurk, en wêrom't dit boek op dat stuit skreaun wurde moast. Mei Wadman en Riemersma binne dan ek noch twa skriuwers oan it wurd dy't literêr-wittenskiplik har spoaren fertsjinne hawwe en boppedat yn de hele resepsje in rol spilen mei't se sels ek kritiken skreaunen. Refleksje op eigen wurk is dan ek faak ‘dûbelsinnich’ en wurdt yn in breed literêr-histoarysk kader setten. Soms is it net helendal dúdlik oft de skriuwer of de literatuerwittenskipper oan it wurd is. Oft dat echt in beswier is kin ik net besjen, omdat der gjin fergelikingsmateriaal is dêr't allinne skriuwers-sec oan it wurd komme.
As Wadman earne seit, dat er him ‘as skriuwer altyd de mindere fûn hat fan de gemiddelde Hollanske skriuwer’, en dat ‘it bêste Fryske boek op it nivo leit fan it midsmjittige Hollânske boek’, dan seit dat yn earste oanlis wat oer Wadman as skriuwer, as kritikus en as mins, mar sa'n ferklearring kin ek trochlutsen wurde nei de resepsje fan Fryske literatuer op himsels en nei de hâlding fan de lêzers oangeande literatuer yn in twatalich gebiet.
Ik freegje my nammentlik ôf oft de resepsje yn dy tiid ek meibepaald waard troch de literatuer dy't yn it Nederlânsk ferskynde. Meerburg hat dy fraach net steld en allinne oanjûn hokker ‘fernijing’ der yn it Nederlânsk plakfûn. Ik tink eins dat Fryske literatuer faak fergelike wurdt mei dat wat yn de earste rykstaal ferskynt. Wadman is net de iennige dy't dy fergeliking makket, en dat soe ynhâlde dat de resepsje fan Fryske literatuer faak in ôfliede resepsje is en dêrtroch op in bepaalde wize twaddehans. Meerburg hat ek dúdlik oanjûn hoe't Nederlânsktalige kritisy op de boeken reagearren. It ferskil tusken de ‘eigen’ kritisy en dy oaren is evidint.
Wadman easke yn syn kritiken eins deselde kwaliteit as dy foar de Nederlânske literatuer, hy naam alteast dat nivo as útgongspunt. De fraach kin steld wurde wat it imago fan de Fryske literatuer wie yn dy tiid. En dan soe der ûnderskie makke wurde moatte tusken allinne Frysk-lêzers en lêzers fan Fryske èn Nederlânske literatuer. Yn dat opsicht hie dit resepsje-ûndersyk noch wol wat ferfine wurde kinnen.
Ut beide fraachpetearen komt nei foaren dat Meerburg nijsgjirrich is nei de ynfloeden fan oare skriuwers. Oan Riemersma leit se foar oft er tinkt dat er ek it gefoel hie oan te sluten by de line fan Blaman-Hermans-Reve. Riemersma: ‘Hielendal gjin idee, ik wist dat net. Ik ha net mei opsetsin ergens tsjinoan skoppe wollen.’ Ik tink dat yn dit gefal it psychologysk nivo fan in roman mear ynformaasje jaan kin. It is terjochte dat se fynt dat men hjir yn Fryslân in flater makket mei't dit aspekt negearre wurdt.