| |
| |
| |
De kroane op quatrebras? quatrebras boppe!
Liuwe H. Westra
Marten Brouwer, Reade kater yn har hoksen, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1996. Priis: f 25,00. Jelle de Jong, Yn 'e spegel, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1995. Priis: f 19,50.
As jo de efterflap fan Marten Brouwer, Reade kater yn har hoksen leauwe moatte, binne quatrebras-skriuwers as Hessel Miedema, Steven de Jong, Jelle de Jong, Homme Eernstma en fansels Marten Brouwer wer hielendal yn. Dat is alteast de suggestje dy't útgiet fan it grut tal (Q-)útjeften fan wurken fan dy mannen dat dêr neamd wurdt. In goed ding, noait oars, it tydskrift quatrebras hat op 't lêst ‘tige wichtich west foar it oansjen en de ynhâld fan 'e Fryske literatuer’. Mar wat men jin al ôffreegje kin, dat is wat wy no hawwe oan de útjeften en werútjeften fan niisneamde skriuwers. Deselde flap wol hawwe, der wurdt sa in ‘byld jûn... fan de Fryske “eksperimentelen”’. In stikje service dus oan in ginneraasje dy't net de kâns krigen hat om in abonnemint te nimmen op it romrofte tydskrift dat yn 1965 definityf ophold? Of hawwe de quatrebras-lju, foarsafier noch yn 't libben, ús tsjintwurdich ek noch wat te sizzen? Lit my besykje om dêr wat mear klearrichheid oer te krijen oan 'e hân fan Reade kater yn har hoksen (1996) fan Marten Brouwer en Yn 'e spegel (1995) fan Jelle de Jong.
| |
Yn 'e spegel
Om't Jelle de Jong syn bondel net troch flaptekst of ûndertitel yn in beskate hoeke set wurdt, is it it earlikst en besjoch Yn 'e spegel alderearst as in ‘gewoane’ dichtbondel. Om mar mei wat algemienheden te begjinnen: de bondel befettet 50 fersen sûnder fierdere ferdieling yn skiften. Likegoed steane guon gedichten dúdlik net tafallich byinoar. De earste sân lykje fral oer it dichtsjen te gean (ss. 7-12), eefkes letter fynt men sân fersen dy't in frou ta ûnderwerp hawwe (ss. 20-27), der binne trije fersen dy't yn 'e omkriten fan Parys spylje (ss. 29-31), dan komt wer in rige oer ‘de frou’, mei fral omtinken foar ‘de âldere frou’ (ss. 32-38), eefkes letter san fersen dêr't de ferhâlding fan de man foar de frou oer sintraal yn liket te stean (ss. 44-51), der folgje trije fersen oer in âlde of stjerrende frou (ss. 52-55), en de lêste fersen lykje om it tema fan 'e minsklike ôftakeling te draaien (ss. 56-61). Mar wat langer oft men sa nei de bondel sjocht, wat mear dwersferbannen en lyntsjes tusken de iene rige en de oare oft men sjocht, en wat sterker en nijsgjirriger ienheid Yn 'e spegel wurdt.
| |
| |
Nammerste signifikanter liket my te wêzen dat it earste fers (‘spegel’; s. 7) de temes fan frou, dichtsjen en fergonklikheid net neamt:
lit stean de oare plakken
trije, fjouwer (of noch mear)
en as ik my hielendal sjen wol
It sil net tafallich wêze dat de titel fan 'e bondel yn dit fers weromkomt en der yn ferkoarte foarm boppe stiet, wylst der fierders yn 'e hiele bondel net fan spegels rept wurdt. Dit fers jout oan wat de bondel wêze wol: in stikmennich spegels (mar altyd te min) dêr't fesetten fan in dichtsjend ik yn sichtber wurde. Neffens ‘spegel’ benammen foar de dichter sels, mar ek foar de lêzer. Meskien mei dy himsels wol weromfine yn de iennige útsûndering op 'e observaasje fan niiskrekt: yn ‘moderne prinsesse’ (s. 51) mient in ‘turkse frou’ de dichter ‘neaken yn 'e spegel’ te sjen. Boartlik wurdt jo as lêzer sa jo plak wiisd: jo bliuwe frjemd.
Soksoarte subtile taspilings fynt men nammers troch de hiele bondel hinne (op it berop fan 'e auteur, op 'e Bibel, op 'e natoer en op 'e grutte stêd, op Fryslân...), en ik wol leauwe dat it hieltiten wer orizjineel opdûken fan sokke metiven, yn kombinaasje mei de temes dy 't alle kearen dat men de bondel lêst fêster oan elkoar komme te sitten, Yn 'e spegel sa sterk makket. Foar jin stiet in âlder wurdende dichter-domeny, mei om him hinne âlder wurdende froulju, en it byld dat men fan him en fan harren krijt bliuwt jin by.
... hat oan himsels genôch
In prachtich fers is bygelyks ‘âlde frou yn sikehûs’ (ss. 32-33). It begjint mei de moeting, sjoen troch de eagen fan 'e besiker:
de sêfte stof fan dyn pyama
de wyn dy't troch de doar kaam
Mei ‘sêfte stof’ is men fuort al yn 'e waarme sikehûssfear; dat der inkeld in hân opstutsen wurdt suggerearret dat de pesjinte leit; de ‘wyn dy't troch de doar komt’ lit jin, mei de pesjinte, útsjen nei de besite fan bûten. De folgjende strofe giet:
(de bontjas dysto oanhiest
yn de gloppe fan 'e stêd:
de fan god ferflokte huzen mei de tún
Blykber ken de besiker de pesjinte, hy sjocht net alinnich har tastân no, mar ek har tastân earder, en it kontrast tusken in stân dy't opholden wurde moat (‘bontjas’, ‘huzen mei de tún’) en de kâlde réaliteit (‘gloppe’, ‘jan en alleman’). Yn in pear wurden:
| |
| |
Mei as tajefte:
(de moard de dief dy't pakt wurdt
it gewelt dat heech te'n himel ropt)
De frou hat it neat te rom, mar har lûd komt net boppe dat fan moardzjen, stellen en geweld út.
Dan wurdt de moeting echt, konfrentaasje sels:
har hân pak en har skouder
en har greate boarsten yn it brune himd
De besiker komt ‘einliks’, mar ûnder syn hannen feroaret de ‘sêfte stof’ ynienen wol yn ‘it brune himd’, en de ûntheistering fan it âldminske wurdt allinnich mar klearder. Mar der is mear:
behâld en sûnens en beskerming
seine ek en lok en thúskomst
en gûle lit as hja herhellet
en al fjirtich jier deselde tsjinstfaam
god de heare wit fan 't iensum aventoer
De toan feroaret yn ien kear troch it oerfloedich brûken fan it bynwurd ‘en’. Bysûnder salvjend is ‘ek’ sa nei ‘seine’: de besiker moat wol domeny wêze, en foar syn wurk komme, jo sjogge him syn pasterale techniken tapassen. Mar dat jout fuort ek syn beheinings oan: hy kin wol wakker leafhawwe en ferflokke (sa't er ek al dien hat mei de huzen mei de tún yn r. 6), mar hy kin net mear as syn wurk sa goed mooglik dwaan. It giet oer hichten en djipten, mar it aventoer bliuwt iensum. Wat de besiker sjocht en heart is net te ferhelpen, en wêr't er foar komt wurdt fan syn kommen net better.
Of al? Undanks it folslein oare dekor kin ik it fers ‘eangst’ (s. 28) net oars sjen as in antwurd dat de dichter dochs fêsthâlde wol, al wit er net hoe
dêr't de benaudens taslacht
de stikels oer de paden groeie
de brannettels en de toarnbeistrûken
dêr't de beammen ûntwoartele
dêr't de bern skrieme fan wurgens
dêr kinne jo net mear te foet gean
dêr wurde jo twongen te fleanen
dêr binne de fûgels berne
en de profeten en de dichters
ek de duvel waret hjir rûn
As in bondel sokke fersen befettet, dan fyn ik de fraach earlik sein net mear nijsgjirrich oft hjir no al of net in byld jûn wurdt fan 'e Fryske eksperimintelen. Jelle de Jong mei om my noch wol ris in pear spegels ophingje. Al soe it dan moai wêze as der foar de ûtjefte wat kritysker nei de tekst sjoen waard. Unfoarmen as ‘ferzen’ (s. 9; ik hear it se op it FLMD al wer sa sizzen; al goed op 'e
| |
| |
foarside en ss. 14 en 18) ‘ferburgest’ en ‘oanbeden’ (s. 35), ‘sinterklaas’ (s. 41), ‘wie... west’ (s. 46), ‘kent’ (s. 49), ‘swurver’ (s. 54) en ‘bistenaksje’ (s. 60), ynkonsekwinsjes yn skriuwwize (‘apokaliptysk’ op s. 58 en ‘apokalyptysk’ op s. 38; en ‘euthanasy’ en ‘etysk’ op s. 61), en ynterpunksje (sjoch it brûken fan 'e heakjes yn 'e fersen ‘spegel’ en ‘âlde frou yn sikehûs’) en restanten âlde stavering (‘spraatte’, s. 34; ‘manlikheit’, s. 48; sjoch ek wer ‘âlde frou yn sikehûs’) steure jin as lêzer no krekt eefkes te faak. En is it mei sin dat De Jong it wurd ‘neaken’ dan wer al en dan wer net bûcht? Ik haw optekene: ‘in neaken frou’ op s. 30, ‘neaken Kristus’ op s. 35, ‘neaken goadinne’ op s. 36, mar ek ‘neakene froulju’ op s. 15 en ‘twa neakene ingels op s. 34. Myn taalgefoel kin dy wiksel hieltyd net meimeitsje.
| |
quatrebras...
Mar hawar, no earst mar ris nei dy oare bondel, Reade kater yn har hoksen fan Marten Brouwer. Oars as Yn 'e spegel liket dizze bondel al gearstald mei it doel om in byld fan in tiid te jaan. Dêrby koe Reade kater suver wol in ôfslutende funksje hawwe moatte: ‘fersen fan doe en no ynklusyf oersettings út Ingelsk, Bretonsk, Yndonesysk en Hollânsk’ stiet der op 'e titelside. Net allinnich ôfslutend, mar tagelyk kodifisearjend, liket it wol, want ek de fersen fan ‘no’ (!) binne yn 'e âlde stavering prissentearre. Dat strykt ek mei de opmerking op 'e efterflap, dêr't praat is fan ‘in noch folsleiner byld... fan de Fryske “eksperimentelen”’. It leit dus yn 'e reden om der by it besprekken fan dizze bondel in pear nûmers fan quatrebras by te heljen.
Wat wie quatrebras? It tydskrift hat wol de ûndertitel ‘Tiidskrift foar eksperiminten’ droegen, en dat woe it ek wêze: jo fine yn quatrebras dingen dy't jo net earder yn 'e Fryske literatuer fine kinne. De eksperiminten hawwe ek in dúdlik doel: fernijing fan 'e Fryske literatuer. As men de jiergongen ris trochblêdet, liket dy fernijing benammen syn beslach te krijen op it mêd fan foarm en ynhâld fan 'e póesij (sjoch bygelyks de skôging ‘De Fryske poëzij fan nou’ fan Steven de Jong, quatrebras 9, 1, ss. 16-23; proaza heart men de mannen folle minder oer), essays oer aktúele maatskiplike temes, en ferweving fan 'e literatuer mei byldzjende keunst en grafyske foarmjouwing. De refleksje op dizze trije spearpunten nimt nammers bytiden sa'n grut plak yn, dat it hast in fjirdenien wurdt. De claim fan 'e efterflap fan Reade kater dat de Q de lêste jierren dwaande is in fierhinne folslein byld fan 'e quatrebras-ginneraasje te jaan is der dus fier by troch, om't de neamde útjeften, op dy iene novelle nei, inkeld póesij beslane. Mar ek yn it tydskrift sels wurdt der al klage dat ‘[DE] lêste “quatrebras”-jiergongen waerden lykwols hwat to iensidich yn bislach nommen troch inkeld fersen en proaza’ (selde nûmer, s. 2).
| |
... en Reade kater
Mar goed, hoe draacht Marten Brouwer syn bondel dan by ta in better byld fan 'e quatrebras-póesij? Ek foar sa'n beheindere fraach sjocht men alle rillegau dat de efterflap wer tefolle opsprekt: ‘Literêr-histoarysk is it ynteressant te lêzen hoe't de dichter Brouwer - lyrysk, epysk, kabarettesk
| |
| |
en yn oersetting - in bydrage leveret oan it ferskaat yn de Fryske literatuer.’ Epyske en kabaretteske fersen hearre yndie ta it eigene fan quatrebras, mar yn Reade kater haw ik se net fine kinnen. Mar ek de bondel sels falt yn dit stik fan saken ôf. Wêrom binne bygelyks al Brouwer syn fersen en oersettings dy't yn quatrebras ferskynd binne opnommen, ‘op in inkele útsûndering nei’? Literêr-hystoarysk hie ik se leau 'k leaver dochs leaver echt allegear hân, of yn alle gefallen in ferantwurding fan dy pear omisjes. En wêrom steane fersen út 'e quatrebras-perioade en (folle) jonger wurk trochinoarhinne? Der wurdt gjin inkeld prinsipe fan oardering neamd, en ik haw ek gjin fine kinnen. It alfabetysk register op titels dat ferwiist nei de eventúele eardere publikaasje makket de argewaasje inkeld grutter: it fers efteryn opsykje is allinnich mar ekstra wurk, en dan steane alle titels ek noch net iens op it goeie plak. Wêrom't der dan ek noch sa nedich in ‘gewoane’ ynhâld by moast (op sidenûmer dus), is hielendal net nei te kommen. It hie dochs fierwei it handichst west om fuort by elk fers te neamen oft it earder earne stien hat en wêr dan?
Ek fierders is dizze bondel de rûge kant it neist. De siden 97, 100 en 101 binne net beprinte (mar fia de ynhâldsopjefte kinne jo gewaar wurde hokker fersen oft dêr stean moatte hienen, en yn ien gefal helpt it alfebetysk register jo dan wer fierder nei in eardere publikaasje). Op s. 9 stiet in fers yn safolle talen dat ik net doar te sizzen hoefolle krekt, mar de print- of setflaters yn it Gryksk steure my al. As jo de polyglot úthingje wolle, doch it dan goed. Sa kin ik ek noch wize op in printflater yn it Bretonsk op s. 41. Likemin kin ik it goedkrije dat fan 'e ûnderskate oersette fersen de dichter allinnich efteryn neamd wurdt, en dat men hielendal gjin plak fan publikaasje fan it orizjineel fine kin. Soks soe bygelyks opheldering biede kinne oer it fers ‘wémoed’, neffens de ynhâld in oersetting fan ‘De nevels van weemoed’ fan Nyske Allema. Der stiet yndie in Hollânsk fers op s. 92 mei dy begjinrigel (mar sûnder titel), mar as men fia it alfebetysk register by quatrebras 8, nûmer 3 útkomt, stiet dêr allinnich it Fryske fers. Bestiet der no al of net in fers ‘De nevels van weemoed’, en as dat sa is, wa hat it dan skreaun? Der komme nammers wol mear fersen mei titel en alles yn 'e bondel foar, dy't titelleas yn quatrebras steane: sjoch s. 78, ‘hojo’ en s. 95, ‘flecht foar Brecht’, dêr't ek yn 'e lêste rigels dingen yn feroare binne. Op s. 70 liket der in rigel út it Ingelske orizjineel fan Denise Levertov weifallen te wêzen. Wer: hoe fyn ik út hoe't dit sit? En dan hald ik my noch mar stil oer de flaters en ynkonsekwinsjes dêr't Reade kater ek ryklik syn part fan krigen hat.
| |
moaie fersen, bondel mislearre
As dichtbondel is Reade kater sa al mislearre foar't men in fers lêzen hat. Dat is nammerste spitiger om't der dochs in tal hiele moaie fersen yn steane. Bygelyks ‘bjirken’ (s. 73) dat sa begjint:
dyn egen bin berchmarren berchdymarren as ik dûk sil kjeld my bisette
dûk mar myn dûkmar myn iisdjippe dûkdymar
DY'T IT DRINKWETTER FAN DE STED SMOARCH MAKKET SIL STRAFT WURDE
| |
| |
De leafde foar in frou krijt stal yn in lieryske oanrop fan in berchlânskip. Hiel sterk is derby it brûken fan haadletters foar trije losse rigels dy't opskriften of in gebod werjouwe. Sa krijt it fers spanning. De dichter seit fan ‘dûk mar...’, it dûken is yn 'e taal hast al réalisearre, en dan as in kâlde flap wetter de offisjele meidieling: ‘DY'T IT...’ - hast it iennige foarbyld yn 'e bondel nammers fan funksjeneel brûken fan tipegrafy, in eigenaardichheid dêr't de eksperimintelen fan quatrebras oars fier mei weirûnen (sjoch bygelyks de ein fan Jelle de Jong syn skôging ‘experimentalia’, quatrebras 5, 1, s. 17).
Tipysk foar Brouwer koe wol wêze de foarkar foar technyske, frjemde of sels eksoatyske wurden. Sa bygelyks de titel ‘subterraen’ (s. 87) en it fers ‘maintenant’ (s. 16; yn quatrebras 8, 3 steane de beide fersen neistinoar ôfprinte)
soms bin ik bang fan myn hannen
as't ik sjoch hoe't se rokkeleas tsjoene
boarsten rearend ta hite geysers
imerjende trioalen op de gehoargrins
sels de reade kat soene se bigúchelje
[sic; moat ‘begûchelje’ wêze] kinne
mar ek knipe se pine út de leechte
brekbere fazen dy't tusken de fingers
in fangnet oer de flinters fan bip
wuolje it sleatswetter tsjok
en smoare de mûlen fan doe
ik bin bang fan har selshandigens
machines dy't har eigen program genereare
boadskippers dy't nei freon en fijân oerrinne
forlerne soannen fan foar kristus
De titel hat in dûbelde betsjutting, dêr't troch it hiele gedicht hinne mei boarte wurdt, mei as útsetter de lêste beide rigels. Mar soms wurdt dizze eigenaardichheid in menierke dat knap yrritant wêze kin. Sa wurdt it fers ‘montage’ (s. 27), dat moaie parten befettet, dochs troch de twadde rigel bedoarn
mannen pet ôf foar in krigele alpinist
dwaende om yn syn eigen conjunctivus hypophysicus
It hiele fers ‘astrolabiael’ (s. 86) is foar my sels net mear te genietsjen mei syn drege wurden
hûs bouwe tusken eangsten
deaderitenuto forfalskjenderweis
mânskernôch de greate sirkel
hertklop yn de skynbonken
atroof gewisse ûnder de diereriem
Sowieso hat Brouwer it yn him om soms útsprutsen flauwe en neatsizzende fersen te skriuwen. By ‘fear’ (s. 26) sakket de broek jin dochs echt ôf, en ek in fjouwerrigel as (s. 5)
by it kriemen fan de nachten
bitochten, né, bidronken wy
| |
| |
fyn ik fierstentemin nivo hawwen om de neitins fan Sybe Sybesma, oan wa't er opdroegen is, mei lestich te fallen.
Wat wol wer o sa de muoite wurdich is, dat binne de ûnderskate oersettings. Net allinnich dat dêr moaie fersen mei dito ferfryskings by binne, se jouwe as gehiel ek in byld fan wat mannen as Brouwer mei eksperimintele póesij foar eagen stie. It fers ‘why I am not a painter’/ ‘hwerom [sic] ik gjin skilder bin’ (ss. 64-65) is foar my dêrby hast wol de útsetter. De ‘painter’ Mike Goldberg wurdt dêrby de ‘skilder’ Josum Walstra, dy't Hollânsk praat yn in Frysk fers, en it skilderij ‘sardines’ dat Frank O'Hara ta ‘oranges’ ynspirearre, lit Brouwer ta it skriuwen fan syn ‘blauwe riten’ komme. Allegear yn skitterjend leechdrompelige taal skreaun, sa fan ‘eins stelt it ek neat foar allegearre, je moatte der aardichheid oan hawwe’. Wat dat oanbelanget is it boadskip noch altyd ferfrissend. Lês dit fers mar ris nei Eppie Dam syn ‘De hûnsdagen’ (bondel mei deselde namme, ss. 11-14).
| |
quatrebras: de mite bliuwt
Spitigernôch moat men dus fêststelle dat noch Yn 'e spegel, noch Reade kater yn har hoksen jin in dúdlik byld jout fan 'e quatrebras-perioade yn 'e Fryske literatuer. Sels net in byld fan dy perioade yn 'e Fryske póesij of in part dêrfan. Yn 'e spegel befettet fersen dy't al wer letter binne, en lit boppedat dúdlik sjen dat Jelle de Jong noch net útdichte is. Marten Brouwer is dat meskien al, mar Reade kater is earder in hinderpeal as in helpmiddel om ta syn póesij te kommen.
En sa bliuwt de lêzer dochs sitten mei de fraach wat quatrebras no echt allegear foar de Fryske literatuer betsjutten hat. Myn syktocht hat my wol nijsgjirrich makke, mar noch gjin antwurden jûn. As ik nochris in folsleine quatrebras-set keapje kin, dan doch ik dat, mar it wie yn 'e jierren '60 al rôversguod. Sels de UB yn Grins is in pear nûmers kwytrekke, moast ik ta myn frustraasje fêststelle. Dus is it net wat om as Fryske klassiker no net ris ien fan dy itige romans, mar gewoan alle nûmers fan quatrebras yn facsimile út te jaan?
|
|