Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 64]
| |
De ferjonging fan de Fryske literatuer nei 1945Ga naar eindnoot*)
| |
De ReiddomprigeKoart dêrnei makken wy plannen ta de Reiddomprige, dêr't benammen Freark Dam de grutte gongmakker by wie. By de doe ferneamde útjouwerij Kamminga yn Dokkum kamen de earste beide bondels út: fan Wadman Op koart front en fan Marten Sikkema Stjerrerein. Tefoaren liezen Wadman en ik inoars kopij. Sa wie dêr fan him in fers by dat er eins net fertroude, der koe wol in stikje ûnbewust plagiaat yn sitte. Tafallich koe ik foar him ûntdekke dat der in pear rigels yn foarkamen dy't suver letterlik by Baudelaire wei- | |
[pagina 65]
| |
kamen; hy ferfong dy net, mar woe fan it hiele fers neat mear witte, hy wie dus doe al goed kritysk. Yn 1946 en 1947 ferskynden ek noch Fan tsien wâllen fan Wadman, Swart en wyt fan Sikkema, Under fjouwer eagen fan Freark Dam, Boer en dichter fan Kees Jongsma en Jolm fan de efkes âldere Germ Visser. It wiene hast allegearre fan dy oblong-boekjes mei in hurd omslach, útkommen by Clewits te Assen. Visser kaam foar syn bondel mei gâns in steapel fersen dêr't wy mar wat útsykje moasten dat ús nei 't sin wie, wy wiene ommers bûn oan in tal siden. Oer it measte wiene wy it gau iens, foaral de iroanyske, bytiden sarkastyske fersen mei soms ek de nedige humor mochten wy lije, mar ien gedicht wiene Anne en ik it lang net oer iens, te witten ‘Fryslân’: ‘Fryslân is myn libbens sin, / Fryslân ein is en bigjin, / Fryslân leit m' oan 't herte, / blidens is it, smerte.’ Anne woe dêr neat fan witte, wylst ik it ien fan de moaiste fûn. Hawar, ik ha myn sin krigen. Sa ûntstie dus de bondel Jolm. Jan Piebenga sei yn syn Fryske skriftekennisse dat Visser eins yn syn bondeltsje alles sein hie dat er te sizzen hie, mar dat foel ta: hy hat neitiid noch frijwat skreaun; de Samle fersen is mear as trijehûndert siden tsjok! De bondel fan Freark Dam jout in befêstiging fan it feit, dat dizze earste Reiddomp-boekjes frijwat wurk út de besettingsjierren befetsje. De lêste ôfdieling fan Under fjouwer eagen hâldt oantinkens yn oan wat er sels as ûnfrijwillich wurknimmer by de Dûtske Organisation Todt belibbe hat, lykas it prachtige fers ‘Nacht yn Sankt Margarethen’. Wie de foarm fan de fersen yn de earste bondels noch frijwat tradisjoneel, de ynhâld wie moderner: normaal, net opgnist Frysk faken parlando, fierôf fan it poëtysk jargon fan de foaroarlochske Jongfriezen. Anne Wadman seach syn beide bondels, oars nijsgjirrich genôch, eins mear as foarwurk ta syn takomstige roman. Yntusken wie Freark Dam yn april 1947 by Laverman te Drachten yn funksje kommen as redakteur fan de Drachtster Krante en tagelyk as haad fan de útjouwerij. Under syn hoede en mei de seine fan de ûnferjitlike direkteur De Roo waard de Reiddomprige op 'en nij opset. Yn de nije searje, oantsjut mei romeinsk II, ferskynden yn 1949/50 fjouwer dieltsjes: fersebondels fan Sjoerd Spanninga, Núnders, en Klaes Dykstra, Untwyk, en - foar it earst yn de rige - twa proaza-nûmers: de novelle Reedridder fan Anne Wadman en Frjemde epistels fan Geart Jonkman. Yn de searje romeinsk III fan 1951 komme wer twa fersebondels: Skaedbylden fan Marten Sikkema en Read en grien fan Reimer van Tuinen, en twa proazadieltsjes: de novelle Ik en menear fan Ypk fan der Fear en de sammelbondel Sawn is in galgefol, mei san koarte ferhalen. Yn it wurd foarôf wurdt it boekje in ‘tableau de la troupe’ fan de Reiddomp-lju neamd. Ien fan de ferhalen, dat fan Sjoerd Spanninga, is net min mar falt wol wat út de toan, de oare seis binne koarter en moderner, geane mear de kant út fan de short story. Dat fan Freark Dam | |
[pagina 66]
| |
‘Ilse Rohde en it eilân’, spilet yn de winter fan 1944/45 op it eilân Sylt, dêr't de skriuwer doe as twangarbeider by O.T. yn it wurk wie. Ek fan de oaren: Klaes Dykstra, Ypk fan der Fear, Geart Jonkman, Marten Sikkema en Anne Wadman, spylje de measte alhiel of foar in part yn it bûtenlân. ‘Sa hat dan in ploechje Fryske skriuwers it gefoel yn 'e fingerseinen dat nedich is foar it fine wurk fan it koarte forhael’, seit Ype Poortinga yn in besprek yn de Ljouwerter Krante. Dit giet dus ek wer dúdlik de kant út fan de fernijing. De folgjende jierren wurdt it ferskaat oan meiwurkers en genres ûnder de hoede fan Freark Dam aloan grutter. Der komme noch fersebondels fan Sikkema, Seinen, en Dam, Sa sydlings, fierders Blauwe riten fan de jongere Marten Brouwer, Amoeben fan Jan Wybenga, Underweis fan Tsjits Peanstra en Oranje paraplu fan Tiny Mulder. Der komme ek koarte ferhalen: fan Geart Jonkman Li Fu en oare ferhalen, fan Marten Sikkema De slachforlern en de knappe geastige novelle Sûnder sûker fan Jo Smit. Wer hiel wat oars binne de Fryske kabaretlietsjes fan S.J. van der Molen en B. Tuinstra. Wichtige útjeften binne ek Bern fan 'e ierde, it essay fan Fokke Sierksma oer Obe Postma, en de Fryske fersleare fan Anne Wadman. En dan is der fansels ek noch it boartlike toanielstik Rjochtdei fan Freark Dam, neffens it âlde ferhaal fan Reintsje de Foks, yn 1951 opfierd op 'e Sweach. Yn deselde rige ferskynden ek trij bondels mei oersettings: Klaas Dykstra (Ingelsk), Visser (Portugeesk) en Sikkema (Sweedsk). As lêste ferskine noch fjouwer fersebondels, ien fan J.D. de Jong, in âldere dus, en trije fan de jongere generaasje, te witten Tjitte Piebenga, Jan Dotinga en Steven de Jong. It liket der hast wol op, dat inkeld al út de Reiddomprige de ûntjouwing fan de Fryske literatuer yn moderne rjochting nei de oarloch ôflêzen wurde kin. | |
Biningen ferbrutsenFuort nei de befrijing is al risselwaasje makke foar in nij literêr tydskrift as opfolger fan de yllegale Rattelwacht. It soe ienkear yn 'e moanne útkomme en de namme waard De Tsjerne. De redaksje waard foarme troch Douwe Tamminga, Fedde Schurer, Jan Piebenga, Freark Bergstra en Anne Wadman. It earste nûmer ferskynde jannewaris 1946. Yn in soarte fan proklamaasje, ‘De bining forbritsen’, makke Schurer dúdlik dat in relaasje tusken literatuer en Fryske Beweging net mear needsaaklik wie. De keunstner wie frij, syn eigen paad te sykjen en hie gjin Fryske plichten. Yn 'e praktyk wurken ferskate auteurs fansels wol mei yn 'e Beweging, benammen yn blêden as Frysk en Frij, De Stim fan Fryslân en De Stiennen Man, opfolger fan it Jongereinblêd, mar dat wie tenei alhiel frijbliuwend. Jan Piebenga tocht dêr oars oer. Op ien fan de lêste siden fan syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (19572) skriuwt er teminsten: ‘De mystike ienheit fan Fryske biweging en Fryske skriftekennisse kin op straffe fan ôfstjerte net forbrutsen wurde. As it Frysk yn de stoarmweach fan de tiid weispield | |
[pagina 67]
| |
‘Fryslân en de wrâld’: oersetter Giacomo Prampolini (Poeti Frisoni, 1952) yn petear mei Hylkje Goïnga, Anne Wadman, Douwe Tamminga en Rixt; 26 april 1959. (foto: argyf FLMD Ljouwert)
wurdt, forstommet alle dichting. De freze wurdt greater, it leauwe djipper. De kunst mei har hjirre ek autonoom fiele, hja tsjinnet de Natio Frisica.’ - Nei in jier stapte Piebenga út de redaksje; Sikkema naam syn plak yn. In oare bining dy't yn dizze dagen ek dúdlik ferbrutsen wurdt, is dy tusken de skriuwers en de âlde romantysk-realistyske fertelkeunst fan it plattelan, it boerehiem, al hiene der ek earder al skriuwers west dy't bûten de stringen stapten, lykas S.K. Feitsma, T.E. Holtrop en B.R.S. Pollema; mar dat wie harren net altyd yn tank ôfnommen. Yn in besprek fan De slach forlern skriuwt Ype Poortinga (yn 1959) dat ‘de dichter Obe Postma [-] yn syn wurk noch fol [is] fan 'e Fryske realiteit’, mar, freget er, ‘is dat ek noch it gefal mei Jan Wybenga syn Amoeben en - wat noch bilangriker is - kin dat Wybenga hwat skele?’ Poortinga skriuwt fierder: | |
[pagina 68]
| |
Oft it Fryske libben fan hjoed de dei noch aparternôch is om yn wurk fan genôch niveau in elemint to foarmjen, dat gewicht mei yn 'e skealjes leit, is de fraech: foar in bulte Fryske lêzers yn alle gefallen is de biskriuwing fan har eigen formidden of fan it formidden fan har jonge jierren dat se kwyt rekke binne en yn it boek nochris weromfine, sûnder mis in faktor dy't oanweacht. En sil der in Fryske proazakunst komme, dy't ek mear it omtinken fan net-Friezen winne wol, dan koe de útbylding fan it aparte fan it Fryske folkslibben ek noch wol ris in ding wêze, dat der min by mist wurde kin. Net inkeld yn 'e tael leit it eigene fan in literatuer. It leit him ek oan de skriuwers, wol Poortinga hawwe: Hwa't nei in lange stúdzje op in buro tolanne komt bygelyks, ken it folkslibben nou ienkear sa goed net as de ferver Brolsma. [-] Dat hja de realiteit fan 'e siele op it earste plak sette [-] komt net allinne dêrfandinne, dat hja it lytse realisme efter har litten hawwe, mar hâldt ek yn, dat hja fan de need in deugd meitsje. Werom nei De Tsjerne. Ek út dit tydskrift waard dúdlik dat de skieding tusken literatuer en lektuer hieltyd skerper waard, al binne de grinzen fansels net altyd sekuer te lûken. De Tsjerne woe inkeld literatuer jaan. De folkslektuer, sa't dy bygelyks, oergetten mei in kristlik sauske, jûn waard troch de Kristlik Fryske Folksbibleteek, waard fûl en grimmitich oanfallen. Anne Wadman sjocht yn in skôging yn De Tsjerne (1948) oer de romans fan Reinder Brolsma de saken mei efkes mear nuânses: Nou is der de lêste tiid yn Fryslân fan guon kritici folle mins sein oer de boereroman. Hja sprieken en sprekke fan in oerstallich genre, in genre dat gjin perspektyf mear hat en dat [-] oantaest wurdt fan ûnbikwame epigonen, dy't it boerelibben forromantisearje, de psychology fortutearzje en in rûch omskot fan libben jowe sûnder djipper ûndertoan en ynhâld, - dy't boppedat Fryslân litterair isolearje, yn in tiid dat it him net isolearje kin en mei. Wadman stelt dan fest, dat de boereroman, goed of net goed, in genre is mank gâns oare genres, mar: ‘dat seit noch net dat in Fryske litteratuer, sels in Fryske folkslektuer, gjin oare kânsen ha soe as lâns de wei fan elkoar narjende, greatske en stiifkoppige Fryske boerestagen. Mar ek dit is wis: der skûlet yn dit forsmitend oardiel bihalve in fikse poarsje taktyk-út-idealisme, ek in great gefaer foar generalisearjen.’ Sa komt Wadman dan ta in wurdearjend oardiel oer Brolsma, al neamt er him tagelyk wol ‘skriuwer fan in yllusy’. Yn De Tsjerne binne yn de rin fan de jierren gans skôgingen en kritiken opnommen dy't de Fryske literatuer rjochting en stjoer jûn hawwe, fan Wadman, Schurer, Sierksma, Brouwer, Folkertsma, Van der Schaaf, Smit, Nauta, Leiker, Tamminga en oaren. In kar dêrút is te finen yn De bûter út De Tsjerne (1971). As men it hear oersjocht fan 1946 oant 1968, ûntdekt men gâns ferskaat oan fersen, ferhalen en besprek, ek fan toaniel en film. Moai binne ek faken de bysûndere nûmers, wijd oan Slauerhoff, oan Bretagne, oan E.A Poe (mei dêryn de ferneamde oersetting fan ‘The Raven’ troch Douwe Tamminga), oer Amearika, Suriname, Noarwegen | |
[pagina 69]
| |
(dêr't iksels alle fersen foar ferfryske haw, al wurdt dat nearne oanjûn!), oer Kataloanje en oer Shakespeare. Ek it oarlochsbetinkingsnûmer Wêz Wach! fan 1955 kypt der út. | |
Fryslân en de wrâldUt de publikaasjes yn De Tsjerne en de Reiddomprige docht bliken dat de jongere skriuwers har losmakke hiene fan it tradisjonele Fryslân, benammen ek wat it koarte ferhaal oanbelanget. Dat is bygelyks of te lêzen oan de bondel De grize oer de grouwe (1958), mei 22 ferhalen fan Poortinga, Jonkman en Sikkema, mei byldzjende yllustraasjes fan Spahr van der Hoek, dy't ek in orizjineel omslach tekene. Komt men by Poortinga noch eat fan de âlderwetske wiidweidige ferteltrant tsjin, by de beide oaren giet it meast koarter om 'e hoeke, dy komme gauris mei in dizige benearjende sfear dy't heart by spoekferhalen. Ek dizze ferhalen spylje faak bûten Fryslân, op in net neier oanjûn stee earne op 'e wrâld. Sa wurdt dan wol dúdlik, dat it âlde prinsipe fan Jan Jelles Hof - de Fryske skriuwerij as in oanfoljend húslik literatuerke njonken de Hollânske, dy't de Friezen yn en bûten Fryslân jaan kin wat yn de Hollânske omdoch socht wurdt, it eigene, beheinde - ferlitten wie. It Frysk moast in eigen, komplete literatuer krije dy't hearde by in kultuertaal, neffens it âlde slachwurd fan de Jongfriezen: ‘Fryslân en de wrâld’. De wrâld waard ek nei Fryslân ta brocht troch alle mooglike literêre oersettingen. Ek troch modern toaniel waard de wrâld nei Fryslân ta helle, benammen troch de iepenloft-útfierings fan de Kulturele Rie Opsterlân op 'e Sweach (mei û.o. wurk fan Dürrenmatt, Kazantzakis, Brecht, de Capeks en Miller). Ik kin hjir ferwize nei de dissertaasje fan Klaes Dykstra, Oersettingen yn it Frysk (1962), dy't in oersjoch jout oant 1960. It soe moai wêze, as dy samling oanfolle waard oan hjoed de dei ta.
Oer de fjirtiger en fyftiger jierren soe noch helte mear te fertellen wêze, mar wy binne no hast oanlâne yn de sechtiger jierren. Krekt dêrfoar begûn Trinus Riemersma mei syn ferhalen yn De nije tiid, earst ûnder skûlnamme, dêrnei mei grutter en wichtiger wurk ûnder syn eigen namme. Dr. Babs Gezelle Meerburg is promovearre op in dissertaasje oer de romanfernijing yn de sechtiger jierren. Oer de oanrin ta dy fernijing dy't nei de oarloch ynsette, soe likegoed in dissertaasje of in oare stúdzje skreaun wurde kinne, it materiaal is foarhannen. Mar eins soe dêr net te lang mear mei wachte wurde moatte, want wichtige figueren út dy tiid binne spitigernôch net mear ûnder de libbenen: Anne Wadman, Klaes Dykstra, Geart Jonkman, Jo Smit, Johan Spahr van der Hoek. Der binne aldergeloks noch wol guon oaren by ús, mar it begjint te driuwen. Der is dus noch genôch wurk oan de winkel! |
|