Unoantaastber bewûnderje? (5)
Baukje Wytsma
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Bewûnderjen is in net ûngefaarlike emoasje dy't heech skoart op myn hieltyd langer wurdende list fan priveegenot. Nederich wol ik der net fan wurde lykas Fens, want dêrfoar ûntbrekt my it talint. En syn ûnderstelling dat dy nederigens dan wer in oantrún wêze soe om better jo best te dwaan, dêr ha ik al hielendal gjin boadskip oan. Ik ha yn myn libben al te faak en te folle ‘myn best dien’ en wit al lang dat soks gjin inkele garansje jout op in better libben. Krekt oarsom. Hoe mear as jo jo bêst dogge, hoe kwetsberder jo binne.
Nee, mei sa'n hast liiflik oangenaam gefoel as bewûnderjen hat soks allegear neat te krijen. Bewûnderjen is gewoan lekker, is frij fan alles, is libjen yn in heger register. Jo stoarte jo der yn sûnder der by nei te tinken. Dizze seldsume oandwaning fertsjinnet neat minder as de absolute en totale oerjefte. Sa net, dan mei it gjin bewûnderjen hjitte.
It is my mear as ien kear oerkomd dat ik yn alle ferheftigens ‘onaantastbaar bewonderd’ ha, benammen doe't ik jonger wie. Foar wa't ûnwis is, is it ommers in net te kearen basis-emoasje. Men ûntkomt der net oan omdat men der fan leare moat, lykas men yn it libben ek net ûntkomt oan gefoelens fan blydskip, lulkens, eangst of jaloerskens. Soms wiene it minsken dy't ik bewûndere, dêr't ik fan hold, dy't ik fertroude. It wie hast altyd de muoite wurdich, mar God wat ha ik dat soms belije moatten. Soms gong it om oare saken lykas muzyk, skilderijen, heldedieden, in wûnder yn de natoer. Soms ek om gedichten lykas dy te lêzen binne yn de bondel In memoriam fan D.A. Tamminga. Jawis oars neat as ‘onaantastbare bewondering’ fan myn kant as ik dy fersen lês. Alle kearen wer. Om alles wat der stiet. Om alles wat ik dêrby fiel. Om sa te skriuwen...