Losse oantekeningen ut it deiboek fan in emigrant
Grins, tongersdei 15 jannewaris 1998
Al wer in wike foarby en ik moat tajaan dat it my hjir yn Grins befalt as emigrearre skriuwer. It iennichste wat myn stilte sa no en dan yn stikjes skuort, is de postrinder mei stapels boekjes en grutte brieven út Fryslân. Nee, ik hoech se net iens iepen te meitsjen om te witten wat der ynstiet. Foar de safolste kear is it wer ûnstjoer yn de Fryske Letteren. Ik sil in slach om.
Wer yn 'e hûs. Ik ha dochs mar in pakje iepenmakke. It is in boekje útjûn troch de Provinsje mei in o sa lonkjende titel: It obstakel fan 'e ferbylding en der steane twa essee's yn. Ien essee hjit ‘Fryske literatuer yn swierwaar’ en is skreaun troch Durk van der Ploeg dy't fan de Provinsje in priis krigen hat foar dit essee. Gefaarlik spul foar my as depri-skriuwer, mar dochs doch ik it iepen. Op side trije begjint it my al te draaien. Durk skriuwt oer skriuwers: ‘it eigentlike wurk is de oerbringende taak tusken holle, hân en papier, in rij en ryk bestean kin troch libbensûnderfining bydrage ta it universum fan de ferbylding.’ Moaie wurden fan dy Durk, echt wier, mar kom der mar ris om yn Fryslân. Foar de ferbylding op papier en yn it libben is gjin plak. Wy moatte allegear yn itselde hinnehokje fan Frysk skriuwer dêr't amper rômte is om dy te bewegen en dêr't inkeld útsicht is op it plattelân. (Durk fergeliket ús mei geiten.)
Dat is ien fan de redenen dat myn dokter sein hat dat ik mar emigrearje moast út myn heitelân. Ik ha der pine yn 't liif fan, mar it is wol in moaie stêd hjir. Se hawwe grutte boekwinkels mei allegear talen, fleurige giele stiennen op strjitte en in enoarm modern museum. Ik ha sels al wer wat sin om ierdappels te iten en der net mei te smiten nei oare Fryske skriuwers. Myn ferbylding wurket wer.
Durk skriuwt dat Fryske skriuwers lafhertich binne en dat kin ik hielendal mei him iens wêze. Dan seit er dat wy it dochs besykje moatte...En de Provinsje soe dat stypje moatte...En... No moat ik oppasse. Ik begjin wer te hyperfentilearjen. Ik tink dat ik mar iten siede sil.