Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 55] [p. 55] Eric Hoekstra Ut 'e mule fan 'e mem Felroase siklametsjelk boetsearret op it wyt papier op myn búk it siklameskaad dat reagearret op it leafdesliif: it wâdet mei wyn yn 'e ieren op 'e hulen fan myn sie oant de pine fan 'e berte belunet en ik dwyl myn eigen fluezen stikken skuor. Bûten batst de folle moanne in pupil yn it each fan 'e himel, leafdes liif liket rûn en sêft mar fan binnen is it hurd: it moat boartsje, it wol leare oant in merje en in hynst opinoar reageare, en it heimnisfolle liif fan 'e mem ut 'e remme fan 'e kurieuze klink wurd ut nije mûle komme lit. [pagina 56] [p. 56] De molkfarder sprekt Ik bin in brege tusken ierde en al, meiskuord oan 'e hierren troch de twirren fan 'e tiid. Yn syn tsjustere ferwulften is syn tonge in oar liif! En de wurden fan syn tosken it hurde ûngeriif fan it kôgjen en fan it slokken fan troch in oar bebiten brokken. Der is gjin oar as my mar ik feroarje yn in doar dêr't alleman trochhinne rint dy't op jild of maatskippij om stint. Ik sykje duorren yn it swart lewant fan it hielal, yn it djoeien fan 'e stjerren en it speetsjen fan kometen. Ik sykje duorren yn it bled dat de wyn fan 'e beammen skuort. Ik sykje duorren yn it rêd dêr't de bân oer rinne moat. [pagina 57] [p. 57] By it stalt fan myn ferlikingen bou ik it boat fan myn iepenbieringen. Troch de wyk fan myn ieren far ik myn eigen molke nei bân, rêd, fabryk. [pagina 58] [p. 58] Lonicera L. Tateblom, tateblom, wa sobbet der op dyn boarsten om? Wa rûkt oan dyn blommen oant de tsjokke triennen komme? Op 'e knibbels foar it stek hâldst syn peallen yn 'e holten fan dyn linich tjirgjend liif. Op dat pisplak docht men graach syn behoef. Yn it swartste skaad oan 'e achterkant fan 't hûs waakst de partikuliere paradoks fan it privaat. Dat ferburgen urinwaar, is dyn hûs, publike plant! Do rydst op alle winen dy't mei siedsjes by dy komme, en alle winen fine by dyn liif har geriif. Tateblom, tateblom, wa sobbet der op dyn boarsten om? Wa rûkt oan dyn blommen oant de tsjokke triennen komme? Vorige Volgende