tearre it idee om sa'n wedstriid in bliuwend karakter te jaan ta meardere gloarje fan de Fryske literatuer. Ik bin bliid mei dat inisjatyf, al set it neat rjocht oan it ûnrjocht hjirboppe omskreaun.
It is spitich dat it essay yn de Fryske literatuer sa goed as ferdwûn is. Yn de fyftiger en sechstiger jierren hat it sjenre neffens Fryske begripen in bloeitiid han. Yn de jiergongen fan De Tsjerne treffe wy geregeldwei essayistys wurk oan fan Eeltsje Boates Folkertsma, Fedde Schurer, Anne Wadman, Fokke Sierksma, Freark Bergstra, Lolle Nauta, Jo Smit en Inne de Jong en fierder in tal ynsidinten. Al moat derby sein wurde dat guon fan dizze skribinten har gauris oan it sjenre fertild hawwe en in tuskenwei sochten tusken sjoernalistyk en polemyk. Want emoasje spilet ús as Friezen gauris parten. En sadree't it adrenalinegehalte fan de essayist boppe Aldehou's Literêr Peil komt, luchtet de keunstner syn hert fan persoanlike argewaasje en sjit er syn skôgjend, estetys djipjend en opskerpjend doel foarby om ins Blaue hinein ta polemyk te ferfallen.
Wat yn dit ynformative tiidrek ek gauris opfalt by op essays lykjende bydragen is, dat it essayistys besykjen sa faak yn it ynformative en it sjoernalistike stykjen bliuwt, en dêrtroch as sjenre fan harsels ferfrjemde rekket. Sa'n wedstriid kin in útdaging betsjutte en kin mei strange sjuerearring rjocht dwaan oan de útgongspunten fan it sjenre.
By in mooglike fernijing fan de essayistyk yn de Fryske literatuer, moatte wy der net op út wêze om it ferlerne terrein werom te winnen. It essay is in sjenre dat mei de tiid meigean moat. Wy moatte it nije ympulsen en farské krêften jaan. Wy moatte dit sjenre nije wearden takenne. Dêrom bin ik ynommen mei it inisjatyf fan it provinsjaal bestjoer om de essaywedstriid in bliuwend karakter te jaan. Ik hoopje dat dit net samar in tradysje wurdt, mar dat it jonge skriuwers oanlûke sil, dy't har kinnen útprebearje en har oan dit wiffe sjenre opskerpje doare yn foarmbehearsking, taalmacht en ferbyldingskrêft.
Essay's lûke gjin grutte tallen lêzers. Mar dat mei ús net ûntmoedigje noch ús derfan wjerhâlde. Want it sjenre is tige wichtich foar ûntjouwing en analyze fan de literatuer. Ik doar wol sizze dat, wat it kreative en ynhâldlike elemint oangiet, it essay it literêre gewisse foarmet en skerpet. Skriuwe is kennis garje oer dysels, en dat jildt benammen foar it skriuwen fan essays. Boppedat foarmet it literêre essay kommentaar en analyze op wat wy as skriuwers ûndernimme en dêrmei op de literêre skiedskriuwing. It kin foarmjend wurkje foar de ûnjouwing fan de Fryske literatuer as it giet om it mei ferbylding trochbrekken fan ús kille werklikheid en oerflakkige skôging.
Wat is in essay? In slutende definysje fan it begryp essay is net te jaan. Dêrfoar is it as sjenre te libben, en hat it tefolle kreative romte en mooglikheden fan himsels. In definysje soe tagelyk de beheining fan it sjenre betsjutte, of sels in deaferklearring. No moatte wy it literêre essay dúdlik ûnderskiede fan it wittenskiplike essay. It literêre essay is yn alle gefallen mear as in arti-