om 'e hakken. Om dy reden leau ik der net in sprút fan dat Wadman syn idealen weromfûn yn it wurk fan Van der Veen.
Douwe Tamminga hat my jierren herwaarts ferteld dat Anne Wadman oan syn promoasjestúdzje begûn is yn 'e ferwachting dat er in Fryske Multatuli ûntdutsen hie, mar doe't syn ûndersyk al moai fier foardere wie, ûntdiek er, dy Van der Veen wie allinnich mar ‘in ferfelende kwerulant’.
Sijens bewiist neat, mar suggerearret: ‘Sûnder mis hat er syn idealen...; Dat moat er projektearre ha...; en dêryn moat Wadman noch in parallel mei syn eigen stribjen sjoen ha.’ Moatte dogge wy op 't húske.
Mar ek oer Van der Veen skriuwt Sijens suggestyf: ‘Konsesjes dwaan oan de lêzer wie fansels wol it lêste dêr't in skriuwer oan tinke moast. Van der Veen hie yn syn tiid gjin sukses - nei alle gedachten is syn boekje mar in bytsje lêzen, mar dêr giet it in avant-garde skriuwer fansels ek net om.’ Mar Van der Veen ìs gjin avant-garde skriuwer en der is gjin skyn fan bewiis dat er himsels sa sjoen hat.
Wat is der mei ús oars sa evenredige literatuerhistoarikus te rêden? Drank, ferkearde manlju, neare dreamen?
Wêr't it eins om giet is: Sijens is fan miening dat Wadman De Kaartlizzer fierste folle yn 'e hichte stekt. Dat kin wêze. Mar dan hoecht er sa'n nuvere teory net te ûntwikkeljen. It kin dochs ek bêst wêze dat Wadman sa bliid wie dat er tusken de rotsoai einliken ris wat goeds fûn, dat er him wat tefolle gean litten hat?