It favorite plakje fan Sjoerd Bottema
Teake Oppewal
Sjoerd Bottema is learaar Nederlânsk en Frysk oan de ISM De Delta yn Ljouwert; hy die yn septimber mei oan in workshop foar dosinten oer it skriuwen fan poëzij yn de klasse. Yn it oktobernûmer fan Trotwaer hat er in lêbich stikje oer syn ûnderfinings by dy workshop.
Dat de brûkte metoade net oan Bottema bestege wie lit ik gewurde. Miskien wie it ferskaat yn de begjinsitewaasje fan de dielnimmers te grut en wie hy as betûft learaar alang op 'e hichte mei de metoade fan it ‘begelaat skriuwen’ dy't dêr oan de oarder wie.
Ik wie der ek by en it like my ta dat de measte dielnimmers wol wat koene mei de oandroegen metoade. En dat Bottema him ûnder de workshop sels de mûle stilhâlden hat mei ek hinnebruie; net elk is like primer ynsteld, guon kinne har krityk pas uterje as se jûns stiiffol opkroppe wranteligens thúskommen binne en op har favorite plakje efter de tekstferwurker sitte.
Wêr't ik beswier tsjin meitsje is it ymplisite boadskip yn Bottema syn stik, nammentlik dat je