Lang libje de konifear!
Henk Bok
It falt fansels bûten it ramt fan in literêr blêd, eamelje oer konifearen. En dochs kin it ferbân mei literatuer wol lein wurden, mar dêr kom ik aanst wol op.
It giet allegearre wat oan my foarby, want ik wenje op 'e romte yn in arbeiderswentsje. In dûbelde, dat wol, mar dochs in arbeiderswent en net in woonboerderij. Dat oer wite skimmel, konifearen en hubohoutskermen (dy 't ik tenei toochskermen neam) ha ik gjin doel. Sa koe it dus barre dat ik út in blêd as Trotwaer fernaam dat der soks as in anty-wite-skimmel-mafia bestie. Godskes, tocht ik, ek al mafia yn Fryslân. Ik bin wat ûnnoazel, mar ik hie wol yn 'e rekken dat dy wite huzen boud wiene mei wytwosken jild. Dat dêr wer in mafia tsjin oprjochte is, dat wurd yn 'e takomst slaanderij, dat wik ik jimme. Nuvere oanslaggen. Faaks mei paintball-riots.
Mar, fan it ien komt it oare, geweld eskaleart, en dan blykt der ek al in aksjekomitee te wêzen dat tsjin de konifearen en de toochskermen te kear giet. En de redaksje fan Trotwaer stelt romte beskikber oan sokken! Fij soe ik hast sizze.
Want, smaak, dêr sit ûnderskied yn. Gelokkich. Mar wat is der yn 'e fredesnamme tsjin dy prachtige konifearen? Wat mankeart der oan toochskermen?
Rin ris troch in túnsintrum, ynhalearje dy rook fan natoer. Dat kin no wer sûnt de kreosootpeallen fuort binne. Wat oerhearsket? Krekt, de rook fan de nullebeammen en yn it bysûnder de konifear. Sjoch syn elemintêre foarm, slút de eagen en tink oan de ivich rûzige Sweedske bosken (earste link mei literatuer).
Wat is der mis mei de konifear? Wie dy hagedoarn om beppe har tún, mei dy smoarge stikels dy 't wiken letter noch mei otter ûnder de hûd weikamen, safolle better? As de betonnen stekpeallen mei de izeren buizen, it beton grien-griis fan it koarstmoas, foarmen dy sa 'n estetysk ferantwurde hiemgrins? As wie de griene houtene skutting moai? Dy hie, at er âld genôch wie, ûnderop yn 'e rottige stikken fan dy fel-oranje skimmels.
Hoe kin ien yn 'e goedichheid wat op dy keninklike konifear tsjin ha? Goed, ik moat tajaan, it ultime genietsjen fan in konifear fynt plak at er omseage wurd en dat mien ik wier, want dy rook: himelsk! It bliuwt in beam en alle beammen steane im Grund yn tsjinst fan it skreaune wurd. It wurd dat nettsjinsteande floppy's en Internet it leafst syn beslach krijt op papier. Sirkel rûn: papier wurd makke fan beammen.
Wat is der yn 'e goedichheid tsjin op toochskermen. Is it net in lust, dy folder fan 'e boumerk. (Hjir leit wer in link mei it skreaune: is der al stúdzje makke fan de literêre wearde fan sokke folders?) It ferskaat oan foarmen, útfieringen,