Henk Bok (1951) is húsman, (skips-)timmerman, fytsmakker en keukenprins. Wennet (mei ivige tank oan Bennie H.) yn in âld went te Reahûs, mei wille, frou en hûn. Hy skriuwt koarte ferhalen, ûnder mear foar de F-side, Hjir en de Rely (1997). |
Eeltsje P. Hettinga wennet yn Los Angelos en wurket as free-lance sjoernalist. |
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sa wol materieel as geastlik. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en maatskippijlear yn Ljouwert, is redakteur fan Trotwaer en it jierlikse Strikelboek. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984 en wurket mei oan mei koarten te ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân. |
Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by it FLMD en foar noch in pear oeren wyks dosint skiekunde oan it Fryslân Kolleezje. Under oare organisearret er skriuwkursussen op it FLMD en elk jier yn febrewaris de Provinsjale Skriuwdei. Hy is ek behelle yn it poëzijprojekt ‘... Oan board stappe fan in dream ...’ dat opset is yn it ramt fan 'e Slauerhoff-poëzijpriis foar de jeugd. |
Durk van der Ploeg (1930) waard berne yn Hoogkarspel en wennet no yn Feanwâlden. Fan syn hân ferskynden sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk seis bondels gedichten. Fierders ferskynde fan him in tal romans en novellen. Om inkelde te neamen: De winter komt, De jacht, Bertegrûn, It wrede foarjier, Reis nei de Kalkman, It lekken oer de spegel, In bit yn 't iis en Gjin plak op ierde Yn tarieden is de roman Skepsels fan God. |
Anneke Reitsma (1949) is dichter en essayist. Zij is vast medewerker van Ons Erfdeel. Zij publiceerde de dichtbundels Wadlopen (1983) en Overtocht (1990). In 1998 verschijnen de dichtbundel Wonen in het Avondland en een grote studie over de poëzie van Ida Gerhardt, ‘Een naam en ster als boegbeeld’. Zij verzorgt regelmatig lezingen en workshops over poëzie. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frentsjer. Hy skriuwt - as 't net oars kin - resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder ie er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw. |
Piter Terpstra (1919) skreau toanielstikken foar Tryater en De Noorder Compagnie en wie toanielkritikus foar Trouw en Omrop Fryslân. Yn de santiger jierren makke er diel út fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. |
Willem Verf (1949) is direkteur fan it maatskiplik en sosjaal-kultureel wurk yn Ljouwert. Dêrnjonken sit er foar Grienlinks yn Provinsjale Steaten. Hy wennet sûnt 1972 yn Ikkerswâld. Publisearre twa romans, twa novellen en in mennich koarte ferhalen. Hy wie yn 1984 de earste dy't de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten wûn. |
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollansk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis. |