Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Nije trend: it Frysk taboe
Je soenen der taalstrider fan wurde: de organisaasje hat in Fryske namme (en in lange Frysktalige tradysje), de rige diskusjejûnen wurdt ferkocht ûnder de titel It hege wurd, de útnoeging is twatalich (mei it Frysk op de earste side), it plak fan gearkommen is it Fryslânhûs, de dielnimmers oan dit ‘iepenbiere debat’ prate Frysk of kinne it ferstean - en noch is de fiertaal Nederlânsk.
Oeds Westerhof, de nije, Frysktalige direkteur fan Keunstwurk, brûkt as diskusjelieder de klassike deadwaner: ‘er zijn mensen in de zaal die slecht Fries verstaan’. Allinnich foar Philippus Breuker wurdt in útsûndering makke. Dy mei syn ynlieding yn de memmetaal hâlde. En docht dat fan 'e weromstuit nèt, ek al hat er de haadlinen fan syn ferhaal yn it Nederlânsk op in flap-over setten: ‘Ik begin nu met de vertaling van mijn Friese tekst.’ - En sadwaande is der gjin wurd Frysk bij dizze oars ochsa aardige diskus je oer ‘De myte fan de Fryske autodidakt’ (in fenomeen dat neffens de meinimmende debater Huub Mous ‘voor de beeldvorming van de hedendaagse kunst in Friesland een hinderlijk obstakel vormt’).
Keunstwurk is gjin útsûndering, der binne mear Frysktalige organisaasjes dy't har yn it iepenbier it leafst ientalich Nederlânsk presintearje. Ek op it jubileumsympoasium fan Omrop Fryslân oer ‘Regionale media, de kansen en bedrigings’, ein novimber yn de Ljouwerter Harmonie, is der amper in wurd Frysk bij. Kin dat wat de foarumdiskusje oangiet noch ferklearre wurde troch de dielname fan de grutte baas fan SBS6, dat de hele presintaasje en ek it mear ynformele part (ôfskied fan bestjoersleden) yn de earste rykstaal moatte, bliuwt ûnbegryplik. Dat de organisatoaren dêr net in soepele twatalige formule foar betinke koenen, seit wat oer har taalhalding èn oer har hâlding foar de gasten fan om utens oer. Dy ha se kenlik sa heech dat elk wurd Frysk foar harren misledigjend wêze moat.
Soenen sokken werklik net yn 'e gaten ha dat se dêrmei it Frysk oerskatte en it fatsoen fan de gasten ûnderskatte? Want sa slim is it Frysk fansels no ek wer net. Mei in kromke goeie wil en in twatalige buorman/frou komme allochtoane besikers in heel ein.
In trêde foarbyld fan it skouderjen fan it Frysk bij offisjele gelegenheden waard ferline simmer levere troch it jubilearjende Keatsbûn. It Nederlânsk moast bij de taspraken de fiertaal wêze (ek foar dy gastsprekker út Hollan wei dy't sa graach wer even it Frysk brûke wollen hie).
In trend, dizze heechhertige gemaksucht fan guon Frysktalige organisaasjes? It hat der alles fan.
It kin ommers gjin tafal wêze dat de nije man fan Keunstwurk syn iepenbiere debút yn it Nederlânsk makket. Hij sil oer it taalgebrûk neitocht